Cultuur

Plankeprikels út Alde Leie spylje: It Doarpshûs ticht? Oer myn lyk

Op snein 16 maart om 14.30 oere is yn MFC Ons Huis yn St.-Anne de nostalgy ten top foar in âlderwetske toanielmiddei. 

Akke Kaastra is behearder fan doarpshûs ‘Us Gebou'. It doarpshûs giet har foar alles. Mar der binne problemen, want der is efterstallich ûnderhâld en de sinten binne op. It bestjoer, ûnder lieding fan de warbere foarsitter Kees Leegwater docht syn bêst mar kriget it jild net by inoar. As in amtner fan de gemeente driget om de doar op slot te dwaan komt Akke yn aksje. Har ûngewoane oanpak liket lykwols mear kwea as goed te dwaan. Durk, de man fan Akke hat syn eigen reden om it doarpshûs te rêden. Mei syn maat Douwe hâldt er him dwaande mei tsjustere saakjes, mar dat giet net tegearre mei de aksje fan Akke. Akke moat har libben op it spul sette om te rêden wat der te rêden is.

Dit toanielstik is yn it Frysk en wurdt spyle troch de Plankeprikels út Alde Leie.

Binne jo nijsgjirrich wurden nei boppesteande? Dit komyske stik wurdt op snein 16 maart yn   MFC Ons Huis te Sint Anne om 14.30 oere opfiert, seal iepen 14.00 oere. Fol is fol.

Kaarten oan de seal of telefonisch reserveren 06 53670799.

Alfred Miedema hat de regy yn hannen, om jo in bjusterbaarlike  toaniel middei te besoargjen.

Wolkom allegear