Cultuur

Hâld Moed yn Dronryp spilet ‘In saak fan libben en dea’

In man wurdt fermoarde, de moardner bycht dit op by de pastoar. De pastoar wurdt bedrige 

troch de widdo fan de fermoarde man en de pastoar brekt it bychtgeheim. 

Yn de 18e ieu wiene dit alletrije grutte fergripen en de moardner, de pastoar en de widdo wurde oppakt en moatte foarkomme. Dizze saak wurdt spile yn in hjoeddeiske rjochtbank. Wat wurdt de útspraak? Binne de tsjûgen wol betrouber? Hat it publyk der noch wat oer te sizzen? En wat docht de Dea yn de seal? 

Broer Jorritsma lêsde jierren werom in artikel oer dizze bysûndere rjochtsaak. Hy hat ôfrûne jier op skriuwerskursus sitten en it op papier setten. Der is in prachtich stik útkaam. Wat in talint!

En no sille tweintich Rypsters, as spilers as moaimakkers, ‘In saak fan libben en dea’ op de planken bringe. Wy wolle in pear by namme nimme: 

Anna Wolters en Nynke Arendz, regisseurs: Anna en Nynke dogge de rezjy-oplieding en litte mei dit stik sjen hoe goed se no al binne. 

Ruben Peeters en Hiko Veldman, spilers: Ruben en Hiko binne ús jongste en âldste lid. Ruben hat syn debuut as griffier en mei lekker Frysk prate, wylst dat net syn sprektaal is. En dan Hiko, njoggentich jier âld en spilet as swalker de stjerren fan de himel. 

Wat in âld en nij talint! Wy binne tige grutsk!

Komme jim sjen? We spylje op 11, 18, 19, 25 en 26 jannewaris.yn Het Parochiehuis yn Dronryp. Kaarten binne te keap fia www.haldmoed.frl