Cultuur
Fryske(r) jûn yn Doarpshûs Us Gebou Alde Leie
Op woansdei 23 oktober 2024 fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin: 19.30 oere) wurdt in Fryske(r) jûn hâlden mei meiwurking fan Hindrik Sijens, Anita Terpstra, Arjan Hut en Aggie Meijer.
De jûn wurdt mei mooglik makke troch Stichting Cultuur Regio Stiens (www.cultuurregiostiens.nl). De presintaasje is yn hannen fan Janneke Spoelstra. Tagong: fergees. Opjefte by Janneke Spoelstra: oerset@planet.nl of tel. 0518-403840.
Hindrik Sijens (Fryske Akademy) fertelt oer de digitale taalhelp: Frysker.nl (https://frysker.nl/).
Hindrik Sijens (Twizel 1960) studearre Frysk oan de NHL yn Ljouwert en de Universiteit fan Amsterdam en is sûnt 1985 oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy wurke mei oan it Wurdboek fan de Fryske taal (25 dielen) en it Frysk Hânwurdboek.
Hjoed-de-dei sit er yn it redaksjeteam dat it Nederlânsk-Frysk wurdboek skriuwt, dat yn Frysker opnommen is. Fierder is er foarsitter fan de sjuery fan it jierlikse Grut Frysk Diktee.
Anita Terpstra fertelt oer har boeken, û.o. Hiltje yn Pella.
Anita Terpstra (Hallum 1974) studearre sjoernalistyk en keunst-skiednis. Se skreau ferskate rûn-om priizge thrillers, û.o. Samen, dy’t foar de Gouden Strop nominearre waard. In pear thrillers binne oerset yn it Frânsk en yn it Dútsk. Dêrneist skreau se de roman De moedermaffia en de non-fiksjebestsellers Het huis vol en Al mijn moeders. Har nijste boek is Hiltje: een Friese vrouw op zoek naar een beter leven in Amerika. Dit boek ferskynde yn 2023 as Kadoboek yn it Frysk, ûnder de titel Hiltje yn Pella.
Dichter fan Fryslân Arjan Hut draacht gedichten foar.
Arjan Hut (1976) is op ’t heden Dichter fan Fryslân: “It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr’t plak is foar twifel. In slagge gedicht sit op sa’n wize ynmekoar dat elkenien der krekt wat oars yn sjocht. Der is net ién wierheid, ién korrekte betsjutting of ién ynterpretaasje. En fierder: minder wifi, mear poëzy!”
Aggie Meijer (Alde Leie) draacht ek gedichten foar.
Aggie Meijer (1999) Alde Leie
Fryske sprekker, mei-organisator fan Diele fan it Waad, jout wurden oan observaasjes en gedachtes yn har deistich libben dy’t in yndruk op har makke ha. Se hat foar dizze gelegenheid in ferskaat oan stikken útsocht yn ferbân mei it libben op en yn de grûn en aktualiteiten dy’t oan ’t hert gean
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 21 november
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december