Algemeen
Ynleverdei foar guod út de Twadde Wrâldoarloch
By in ferhuzing of by it opromjen fan in souder of skuorre dûke noch geregeld brieven, foto's, âlde films, deiboeken en oar materiaal út de Twadde Wrâldoarloch op. Goai dizze saken net fuort, mar nim se mei nei de Ynleverdei op 3 maaie. Dizze dei wurdt dit jier yn Tresoar hâlden.
Tresoar, it Fries Verzetsmuseum, it Fries Film Archief, it Historisch Centrum Leeuwarden, de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation en it Kazemattenmuseum Koarnwertersân sykje nei âld materiaal dat te krijen hat mei de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. Fan foto’s, dokuminten en boeken oant sieraden, byldsjes, servys en oare objekten. Fiif oarlochssaakkundigen sitte klear om it materiaal yn te sammeljen en fertelle de besikers fan harren ekspertize út oer de eftergrûn fan de objekten en dokuminten. Boppedat binne sy op harren beurt ynteressearre yn it persoanlike ferhaal oer it ynlevere materiaal.
Ek dit jier hoopje de dielnimmende partijen, lykas yn eardere edysjes, wer bysûnder materiaal te sjen en dit oarlochserfguod yn oerlis op in goeie wize ûnder te bringen by ien fan de dielnimmende ynstânsjes. De provinsjale ynleverdei is ûnderdiel fan 'Niet weggooien!', de mienskiplike aksje fan de Nederlânske oarlochs- en fersetsmusea, oantinkenssintrums en it NIOD (Instituut voor Oorlos- Holocaust- en Genocidestudies) wêrby't oandacht foar it behâld fan histoarysk materiaal út de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlân en Nederlânsk-Ynje sintraal stiet. Sjoch foar meer ynformaasje oer dit lanlike inisjatyf op www.actienietweggooien.nl.
Wannear: Freed 3 maaie fan 12:00 oere oant 16:00 oere
Wêr: Gysbert Japicxseal, Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 21 november
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december