Algemeen
Yn de file
Neidat wy dit jier, troch it firus, al twa kear in fakânsje ôfsein hienen woenen wy der noch al efkes op út en binne we in skoftke nei Amelân west. Net fier fuort, mar wol in prachtich plakje om fakânsje te fieren en je fiele je, sa as ús iene soan altyd seit, oan board al op fakânsje!
Doe 't we mei de auto Hijum út soenen moasten we lang wachtsje foar dat we de dyk opride koenen. In lange rige auto's kaam fan Hallum en dêr wienen in soad Dútske by. Eartiids seinen we, as we lang wachtsje moasten foardat we oerstekke koenen: 'De boat fan Amelân is fêst oan!'
Ienkear op de dyk rieden wy, nei Hallum en hast oan Blije ta, yn 'e file efter in jirpelrooimesine. We mochten en koenen de grutte mesine net foarby komme! Om 't ús auto mei gie oan board en wy der in heal oere fan te foarren wêze moasten, wienen we bang dat we net op tiid komme soenen. Mar gelokkich, we wienen noch krekt op tiid!
Yn ferbân mei it Coronafirus moasten we op de boat yn 'e auto sitten bliuwe, mar mei in boatreiske fan net iens in oere wie de tiid, mei in puzzelboekje en in pinne, sa mar om.
Op Amelân riden we, omdat de boat echt grôtfol siet, yn in file nei it simmerhúske. Dêr oankommen hienen wy, nei it útladen, bêdopmeitsjen ensafuorthinne, sin oan in bakje kofje! Mar och hea, hoewol we it measte wol meinommen hienen, hienen we de kofjefilters fergetten, dus earst gau efkes nei de winkel. Dat 'gau efkes' wie der net by, want wy wienen net de ienigen dy 'gau efkes' nei de winkel soenen! Yn dy winkel wie it sa fol, dat de minsken de karren gewoan stean lieten. Se hellen boadskippen op, mikten dy yn har karre en naaiden wer út om mear boadskippen te sykjen! Sels skoden we ús twa karren mar yn mekoar, we hienen net folle nedich en sa wie der in bytsje mear romte. In hiel skoft letter stienen wy, mei de yn mekoar skode karren, in doaske kofjefilters en noch wat oar spul wat we ûnderweis yn de winkel tsjin kaam wienen, yn 'e file foar de kassa!
Fan doe ôf belibben we, sûnder file's, goeie dagen op dit prachtige plakje wêr de knyntsjes om hûs hinne boarten. Ús jongste pake- en beppesizzer, dy mei har famylje efkes op besite kaam, rôp doe se in knyntsje seach: 'De Paashaas!' Moai no?
Op de dei dat we op Robbentocht soenen kaam Fransis, de orkaan, del! It gie der hjir om wei, dat sis ik jo! Mar it waar kin hurd hinne en wer en it sprekwurd seit dan ek net foar neat 'der is neat feroarliker as it waar' want de oare deis wie it moai, rêstich waar en gie it útstelde reiske troch.
We krigen wer de Coronaregels te hearren en se lieten ús de pylken sjen, fan it ien-rjochtings-ferkear en doe mochten wy oan board. Nei 't we in goed kertier ûnderweis wienen mochten we in útstapke meitsje op de see-boajum, dy doe droech lei. Wa it woe koe dêr skulpen sykje en mocht dy meinimme, mar we moasten wol op it paad bliuwe, want dêr bûten koe men fêst sûge yn it slyk! Ien fan ús bern, dy dit reiske ek makke hie mei de húshâlding, fertelde dat der by harren in man wie dy him dêr neat fan oanluts. Hy sakke wei yn it slyk en hat sa in skoech en in sok ferspile. Tsjin syn frou sei er, doe hy derút lutsen wie, dat sy syn skoech út it slyk pakke moast. Mar dat like har wol op fleanen en se die it net en sa moast hy dy dei fierder op ien bleate foet!
Dêrnei gienen we nei it plak wêr de seehûnen wienen. Se leinen manmachtich op in sânplaat. It wienen meast grutte, mar ek hiele lytse fan amper in dei âld. In inkele swom yn de see, mar de measten leinen lui en lodderich op it droege. Dat kaam, sei de skipper, omdat se moarns betiid de see yngienen om har dêr sêd te iten oan fisk. Sa sêd dat se, krekt as wy as we it liif fol ha, earst bekomme moatte. Dat se dêr stil leinen wie foar ús allinnich mar moai, want sa koenen wy har goed en fan tichtby besjen. Al mei al wie it in prachtich reiske.
De skipper en syn frou wienen, krekt as oaren dy troch it firus hast gjin klandyzje hienen, bliid dat se wer in ploechje minsken oan board ha mochten, want dan hienen se wer wat ynkommen. Mar op de boat, wêr 250 minsken op kinne, sieten no mar goed 50 en alle kosten moasten betelle wurde út de entree's fan dy 50! Dat soe fêst net út kinne tochten wy en it is dan ek goed dat de oerheid sokke minsken helpt sa dat se harren bedriuw hopelijk oerein hâlde kinne!
Oan it ein fan it reiske betanke de skipper ús dat we mei him en syn frou op stap west hienen en hy frege of wy, as it ús goed foldien hie, dat dan alsjeblyft fierder fertelle woenen.
En dat dogge we, by dizze!
Want wy hoopje dat alle minsken, yn dizze krisis tiid, harren wurk en/of harren bedriuwen behâlde kinne en dat se, as der bettere tiiden oanbrekke, wer op wurk en op in file fan klanten rekkenje meie
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 24 december
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december