Algemeen
Winner Frysk Rooboldiktee
Op it jierlikse Frysk diktee fan Roobol ha 20 learlingen meidien oan de finale fan it diktee. Yn it foar diene de bern fan de groepen 7 en 8 mei oan de foarrondes op de eigen skoalle.
De bern dy’t op de skoallen de minste flaters skreaun hiene kamen nei de finale yn paviljoen MeM fan Bûtenpost.
Der waard gebrûk makke fan it boek: In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, sy lies it diktee foar oan de bern. Alle dielnimmers wiene bot konsintearre en hiene nei ôfrin in stive pols fan it skriuwen.
Lokkich koene de dielnimmers, harren âlden en de learkrêften yn it skoft in wurkwinkel dzjembé op amers fan muzykdosint Rinze Ytsma folgje. In fleurich tromgeroffel wie fan de tribune fan it paviljoen ôf te hearren yn de fiere omkriten. Oan de ein waarden winners bekend makke troch Anne-Goaitske Breteler.
Nûmer 1: Feya Cats, Prof Casimir-school Kollum,
Nûmer 2: Femke van Kammen, De Theun de Vriesskoalle Feanwâlden
Nûmer 3: Saphyra Holwerda, De Tijstream Holwert
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december