Algemeen
Weromsjen: 1970-2020
Freed seis novimber 1970 hat foar ús in bysûndere dei west. Net om’t it mei sa’n tolve graden en aardich wat sinne foar dy tiid fan ’t jier knap waar wie. Ek net om’t de Les Humphriesingers mei harren hit “To my fathers house” op nûmer ien yn de top fjirtich stienen. Nee, it is in bysûndere dei wurden om’t ik earst in ôfspraak mei de kapper hie en dêrnei thús de knappe klean oanlûke moast dy’t ik spesjaal foar dizze dei kocht hie. Doe waard ik mei in mercedes fan hûs helle en bin ik mei in boeket blommen nei de Gordyk riden.
Op ’e Gordyk stie al folk op ’e dyk, dy’t benijd wienen hoe’t ik my hâlde soe as ik senuweftich mei de blommen by myn oankommende skoanâlden op ’e stoepe stie. Oankommende skoanâlden, dy’t goed trije jier ferlyn noch poer frjemd foar my wienen. Yn it senario stie dat ik op de bel drukke moast, wêrfan it knopke op de doar siet. Mar doe’t ik dat die, drukte ik fuortdaliks de doar iepen. De bel wie skynber út it senario weihelle.
En efter dy doar stie sy dan, de jongfaam dêr’t it my allegear om begûn wie. In prinses gelyk yn har lange wite breidsjurk, opstutsen hier en it gesicht lichtsjes opkleure. Moaier koe it net. Nei in tút haw ik har de blommen oerjûn. Frij gau dêrnei binne wy mei it selskip nei de Sweach gien dêr’t wy ús om kertier foar fjouweren by it gemeentehûs melde moasten. Yn it gemeentehûs waarden wy begelied nei it plak dêr’t it allegear barre moast. No moat men hjir net te licht oer tinke, want ik wie bêst wol senuweftich. It wie foar my ek de earste kear en ik hie ús mem ek net oan de oare kant neist my rinnen dy’t ik wat freegje en yn it slimste gefal efkes oankrûpe koe. Nee, ik waard oerlevere oan de grutte wrâld dêr’t wy ús mar rêde moasten. Nei dat wy de trakteminten tekene hienen, hat in frou, dy’t de regy yn hannen hie, noch in pear wurden sein. Wat, dat wit ik net mear. Hat skynber ek minder wichtich west dan de jonge frou dy’t neist my siet en wêr’t ik, mei myn hantekening, in ferbining oangien wie foar de rest fan myn libben. Koart sein: Geartsje en ik wienen troud. Nei in fotosesje yn de natuer binne we nei in kafee op ’e Gordyk gien. Dêr oankaam haw ik earst mar in pear bierkes nommen, want sokke spannende mominten gean jo net yn ’e kâlde klean sitten. Nei it waarm iten hienen we noch in resepsje. Doe’t dat efter de rêch wie binne wy as troud stel yn ús Fiat 600 op hûs oan gien. Dat hûs betsjutte foar ús de hierwente Juckemastrjitte 1 yn Stiens, dêr’t wy foar de earste kear de foardoar brûkt ha.
Bûtendoar haw ik Geartsje oer it skouder slingere en bin troch de foardoar rjochtút mei har de trep op gien. Ik hie der gjin wurk fan. Boppe oankaam haw ik har op bêd kipele en bin der fuortdaliks efteroan doken. Fierder lit ik my der net oer út, wol dat ik de oare moarns de foardoar tichtlutsen ha.
Freed seis novimber 2020 hat foar ús in bysûndere dei west. Net om’t it mei sa’n tolve graden en aardich wat sinne foar dy tiid fan’t jier knap waar wie. Ek net om’t Master KG mei syn hit “Jerusalema” op nûmer ien yn de top fjirtich stie. Nee, it is in bysûndere dei wurden om’t wy moarns wekker waarden yn in fersierd hûs. En om acht oere stienen de bern al foar de doar mei in koer fol bôle. Tagelyk waard it hûs ek oan de binnenkant fersierd. It gie allegear wat nuver om’t no krekt in slim firus út Sina ús it, al beleine, wykein yn in dreampark yn it hûndert jage hat. De bern hawwe efkes troch de doar west en wy binne net oerslein wat kaarten en lokwinsken oanbelanget. Tsjin de jûn hawwe se ús noch in miel waarm iten brocht, sadat wy wat iten oanbelanget neat te koart kaam binne. De jûns hawwe der noch in pear bernsbern west en doe wie ús feest fan ús 50 jierrige troudei wer efter de rêch.
Doe’t op it ein fan de jûn de bernsbern wer fuort gienen, haw ik bûtendoar Geartsje hiel foarsichtich oer it skouder lein en bin troch de foardoar rjochtút, hymjendewei, mei har de trep opgien. It foel my net ta. Boppe oankaam haw ik har foarsichtich op it bêd dellein en bin der sels neist lizzen gien. Fierder kin ik my der net oer út litte, want ik bin wierskynlik fuortdaliks yn ’e sliep fallen. Wol dat ik de oare moarns de foardoar yn ’t slot lutsen ha. λ
Henkie fan de Polderdyk
hfdp@kpnmail.nl
www.henkiefandepolderdyk.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december