Algemeen

Werkbezoek Prins Bernhard Cultuurfonds

Koartlyn hat de Koren-, Pel- en Houtzaagmolen ‘De Zwaluw’  yn Burdaard besite hân fan it bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Ûnder lieding fan de foarsitter fan dat fûns, kommissaris fan de Kening fan Fryslân, drs. Arno Brok, woe it bestjoer, dat syn jierlikse ekskurzje hie, diskear de mûne fan Burdaard, de heechste fan Fryslân, better kennen leare. 

Foar it stichtingsbestjoer fan de mûne is it Prins Bernhard Cultuurfonds gjin ûnbekende. It hat nammentlik al 5000 euro as stipe tasein foar it ferfangen fan it geflucht (wjukken en roeden). Frijwilliger Willem Sijtsma fersoarge in prima rûnlieding troch it houtstek, de seagerij en de unike mûne en de besikers krigen allegearre in boekje oer dizze bisûndere mûne mei bygebouwen. Nei ôfrin waard troch de foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds in ekstra sjek fan 500 euro oerlange oan de skriuwer fan it mûnebestjoer. Dêrfoar tige tank!

Op de foto f.l.n.r. Henk Dotinga, foarsitter Stichting Koren-, Pel- en Houtzaag-molen, drs. Arno Brok, foarsitter Prins Bernhard Cultuurfonds,  Jan Tollenaar, molenaar, mr Jan Jarig van der Tol, skriuwer, Willem Sijtsma, frijwilliger en rûnlieder