Algemeen

Dat twa minsken itselde sjen kinne en dêr dan beide hiel oars oer tinke, is my fan ‘e wike wer ris dúdlik wurden. 

Ofrûne wike wiene wy mei ús rinklup fan de “Vrouwen van Nu” te rinnen yn de omkriten fan Jorwert. Foar my bekend terrein. Nico komt fan Weidum, ik ha jierren yn Boazum wenne, en tegearre ha wy ek noch 12 jier yn Winsum wenne. Allegearre yn it âlde Baarderadiel, midden yn de greidhoeke. En de namme seit it al. It is dêr ien en al greide, sa fier as men sjen kin. Ik ha in part fan myn libben dêr troch brocht, dus foar my is it gewoan, dat griene, flakke lân, mei hjir en dêr in boskje, de fearten dy’t der troch hinne slingerje, de tuorkes fan de doarpen al fan fierren sichtber. As ik dêr dan rin, op sa’n moaie sinnige dei as fan ‘e wike, dan genietsje ik der fan. Dit is foar my Fryslân. Rom en wiid, in plak om jin ek letterlik ferromme te fielen.

No rinne der yn de groep ek froulju út oare streken fan Fryslân mei, sels út Drinte. Froulju dy’t dat romme, dat wide, net sa wend binne. Dan merke je, dat dy der dochs wat oars nei sjogge. “Wat is it hjir keal en flak. Gjin beamwâlen, gjin bosk, gjin beskutting.” Dat is foar harren Fryslân, beamkes, bosk, oeral lijte fine kinne. Fansels fyn ik it ek wol moai om ris even yn de bosk te wêzen. It “smûkskaadzjend beamtegrien” fan de wâlden is hearlik op in waarme simmerdei.

Dochs bliuw ik in bern fan de romte, fan de wide fierten, dêr leit myn hert. As it hert fan oaren yn de bosk leit, fyn ik dat prima. It plak dêr’t men opgroeit, lit syn spoaren nei, dat is wol dúdlik.

It kin noch ekstremer. As men totaal gjin bining mei in streek hat, sa as bygelyks mei de greidhoeke, dan kin men der noch op in hiel oare menier nei sjen dan allinne: “wat is it hjir keal.” Ik hearde fan immen dy’t hjir net wei kaam: “hier kan veel gebouwd worden, wat een ruimte!” Ja, sa kin men dus ek nei de romte fan Fryslân sjen. In romte om te bouwen. En earlik sein ha ik ek it gefoel, dat der sa soms nei ús prachtige provinsje sjoen wurdt. Immen achter in buro hat in grutte kaart fan Nederlân foar him/har, en set krúskes op de grutte griene romten dy’t der noch binne. Plakken om huzen te bouwen. En lit der no krekt yn Fryslân in protte fan sokke griene stikken wêze...

Lokkich binne der genôch Friezen en net-Friezen, dy’t hjir har tsjin fersette. Fansels moat der boud wurde. Fansels binne der te min huzen. En fansels sil dêr ek (greide)lân foar brûkt wurde moatte. Mar oan ús prachtige greidhoeke moatte se net komme. Ik moat der net oan tinke, dat wy it ferske “wêr fine jo sa’n romte”, songen troch Lenie Dijkstra, net mear meisjonge kinne, om’t der gjin romte mear is! Wy meie de dingen sjen sa as wy sels wolle. Wy hoege de dingen net te sjen, sa as in oar dat sjocht. Mar romte en ljocht, wide loften, it heart by Fryslân, wy kinne der ek net sûnder. 

Ik hoopje dat wy it dêr mei elkoar oer iens wêze kinne, as wy no út de wâlden komme, de bouhoeke, de greidhoeke, it súdeasten of it súdwesten. 

Ik fûn in resept fan “Fryske tsiissoeskes”:

Ingrediënten:
35 gr. bloem
40 gr. raspe Fryske nageltsjetsiis
20 gr. bûter
1 aai
piper en sâlt

Foar de promme-dipsaus
3 ytl. prommesjem
1 ytl. reade wyn jittik

100 ml Wetter siede mei de bûter. As it siedt, dan de bloem der by dwaan. Op in leech fjoer alles goed troch riede, 2-3 menuten. Dêrnei fan it fjoer helje en ôfkuolje litte oant it net mear siedt. It aai yn in komke los riede en dan al riedend by it bloemmingsel dwaan. Dêrnei de helte fan de tsiis der by dwaan en in bytsje sâlt en piper.

Mei in teeleppel 16 boltsjes op in bakplaat mei bakpapier lizze en de oare helte fan de tsiis der boppe op struie. Ofbakke yn in oven fan 200°C, sa’n 10 menuten. De oare helte fan de tsiis der boppe op struie.

De saus foar by de soeskes: de sjem, jittik, wat piper en sâlt en 1 ytl. wetter minge.

De soeskes kinne waarm as kâld iten wurde.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.