Algemeen
Wa keapet de mummy fan Bitgum?
Op Keningsdei is de alderlêste rommelmerk fan Brassband Looft den Heer yn Bitgummole. Nei fjirtich jier hat it moai west, fynt organisator en grutte motor Libbe Dijkstra (78).
Dijkstra hat al dy jierren ferantwurdlik west foar it ynsammeljen fan keapwaar, fariërjend fan meubels, elektroanika, wytguod, potten en pannen oant bysûnder porslein, skilderijen, húsoargels en alles wat fierder mar oanbean waard. Gauris ferdwûnen hiele ynboedels yn de ferneamde blauwe oanhingwein.
Ek op dizze alderlêste edysje gean de doarren op it plein by de tsjerke fan Bitgummole wer om 13:00 oere iepen. In oere letter begjint it hichtepunt fan de middei: de ferkeap by opbod. Under it genot fan de kwinkslaggen fan feilingmaster Libbe Dijkstra gean de meast bysûndere artikels oer yn oare hannen. Klapper fan dizze alderlêste feiling sil sûnder mis ‘de mummy fan Bitgum’ wêze: de mummyfisearre kat dy’t okkerdeis ek te sjen wie yn it telefyzjeprogramma ‘Hea’ fan Omrop Fryslân. Neitiid reinde it reaksjes út it hiele lân wei. Allinnich al om te sjen hoe’t it mei poeke ôfrint is it de muoite wurdich om del te kommen.
Fansels is der ek wer in terras op it Molewjuksplein. Foar in habbekrats skoare jo in noflike stoel en kinne jo jo lekker deljaan mei in bakje kofje, wat fris, in bierke of in broadsje hamburger.
Mei de opbringst fan de Rommelmerk betellet de muzykferiening in grut part fan de jeugdoplieding. Hjirmei bliuwe de lessen en it jeugdkorps betelber foar elk
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 21 november
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december