Algemeen

'Ús man!' yn Nije Skalm Stiens

Op freed 14 april oansteande om 20.00 oere spylje de akteurs fan selskip “Breinroer” in nije frysktalige foarstelling (premjêrestik yn gearwurking mei J&M Theaterwerk). Dizze foarstelling hjit: ÚS MAN! en is skreaun troch Youp van ‘t Hek. De fryske fertaling is fan Marijke Geertsma en Gurbe Dykstra, de rezjy is yn hannen fan Jan Arendz.

Spilers binne: Anneke Hondema, sy spile earder bij J&M Teaterwurk yn de foarstelling Bokwerd as Sietske Poepjes. Titia Huisman, sy spile u.o. yn Elk Sines en De Wylde Boerinne. Wybe Koldyk, hy spile earder bij J&M Teaterwurk yn de foarstelling Skûlje yn Jorwert.

 

Ús man is in tige humoristyske foarstelling oer twa froulju, dy’t op in waarme middei  yn de tún sitte.

Se prate, sa’t allinne froulju dat kinne, oer harren man.

As de man der letter bij komt, wurde de ferhâldingen op skerp stelt en wurdt de betiizing, it fenyn en de humor folslein.

Letter riede de froulju har yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se jaan sille op de brulloft fan harren ex-man. De froulju binne beide de ex fan de selde man, dy’t no opnij trouwe sil... 

 

Fia ús webside www.nijeskalm.nl kinne jim al tagongskaarten reservearje foar dizze foarstelling