Algemeen
Tsjerkepaad by klaverfjouwer Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marsum
Yn it ramt fan “Tsjerkepaad 2024” dogge de fjouwer tsjerken fan de protestantske gemeente Bitgum e.o. ek wer mei, te witten Marsum, Ingelum, Bitgummole en Bitgum.
Ferline jier koene net alle tsjerken fan dizze PKN gemeente meidwaan omdat der oangeande restauraasje en ûnderhâld, de tsjerke fan Bitgummole net iepen koe.
Dit jier is ús klaver fjouwer wer kompleet en hoopje wy de besikers wer sa as altyd mei ús frijwillegers en oargellisten in gastfrije ûntfangst jaan te kinnen. Yn alle tsjerken wurdt war dien om de besikers de skiednis en fansels de bysûnderheden fan de tsjerke it ynterieur, it oargel ,klokken, oerwurk en ek it hôf derom hinne, foar dy jinge dy’t der belang by hawwe, tekst en útlis te jaan.
Yn guon tsjerken is noch in ekstra útstalling, sa is te Bitgum yn de
Martinustsjerke in útstalling oer de firma Hettema ierpelkweekbedriuw, wat hjir te Bitgum 125 jier lyn oprjochte is, ek sil by dizze útstalling rom oandacht skonken wurde oan de fam Hettema en harren neiteam en oan de grutte en lytse gerniers út dy tiid om Bitgum hinne dy’t in protte ynfloed hân hawwe op de ierpelkwekerij.
Ingelum hat in útstalling mei skilderijen e.d fan Gerrit Dijkstra dy’t je meinimt nei in wrâld, kleurryk en as in mearke op ús ôf komt, soms dúdlik soms mytysk. Ek syn frou Maaike makket mozaiek wurkjes dy’t hjir te sjen binne.
Fierders binne alle tsjerken, by guon om it bysûnder ynterieur de sfeer en gastfrijens, tige de muoite wurdich om te besykjen, de kofje, tee en oar drinken stiet klear λ
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 21 november
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december