Algemeen

Tsjerkepaad 2019 Marsum, Ingelum, Bitgummole en Bitgum

Oan’t en mei 31 augustus binne de tsjerken fan Marsum, Ingelum, Bitgummole en Bitgum alle sneonen wer iepen fan 13.30 oere oan’t 17.00 oere. In prachtige kâns om dizze monumintale pronkstikken fan binnen te bewûnderjen en de oargelklanken te belústerjen. De kofje stiet altyd klear. Der leit in fyts-routekaart yn alle tsjerken, dy’t alle fjouwer tsjerken oandocht.

Marsum, mei syn prachtich monumintaal en ryk 17e-ieusk barok ynterieur û.o de hearebanken. Dizze tsjerke mei it prachtige Poptaslot is it pronkstik fan ús doarpen, alles hat de sfear út ferfleine jierren en dy kin dêr sûnder fierdere oanfullings opsnúfd wurde.

Bitgummole, foarbyld fan in teatrale bankopstelling in tsjerke mei artdeco trekken út it begjin fan de 20ste ieu. Hjir is no tidens de tsjerkepaad sneonen in exposysje fan skilderijen fan Blekkenhorst út Langwar, earder ynwenner fan Ingelum.

Bitgum, sober mar smaakfol 17e-ieusk barok ynterieur yn it lêste part fan de 19e ieu oanfuld mei neoklassisistyske eleminten. De grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg yn it koar fan de tsjerke is foar de gasten te besjen. Fierders is hjir te sjen in maquette fan it besûnder moaie slot Groot Terhorne of Martena state, fan de Martena’s, Grombach en letter de Schwartzenberg’s.

Ingelum, smûk en lyts, mei in ryk byldhoude sark ûnder de monumintale preekstoel dy’t rêden is by de grutte brân en bûten foar de yngong nei de toer, in besûndere sark út it lêste part fan de 16e ieu mei in krusifix. 

Fierders is der yn Ingelum en Bitgum de mooglikheid ta it opstekken fan in kearske ta oantinken oan jo dierbere ferstoarnen.