Algemeen

Tresoar publisearret Fryske skriuwersportretten

Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar.

Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst portrettearre. It doel is om faker sa’n searje portretfoto’s te meitsjen. De foto’s binne te sjen op de literatuerside Sirkwy.frl.

Tresoar is it kennis- en dokumintaasjesintrum as it giet om de Fryske literatuer. De biblioteek hat in bewarfunksje foar alle Frysktalige útjeften en alles dat mei literatuer te krijen hat. Neist printe boeken giet it om in grutte samling letterkundige dokuminten, lykas orizjinele hânskriften fan boeken, brievesamlingen fan skriuwers, knipselmappen, bio- en bibliografyen, foto's, film- en lûdopnamen.

 It sichtber meitsjen fan dy kolleksje en de ferhalen fan de Fryske literatuer is ien fan de taken fan Tresoar. Dat wurdt dien troch bygelyks de literatuerskiednis Salang’t de beam bloeit dy’t yn 2018 yn fjouwer talen ferskynde en troch útstallingen, lykas oer de skriuwer Waling Dykstra (1821-1914) fan ’t hjerst yn Obe. Dêrneist wurdt de literatuer digitaal presintearre yn apps en op websiden. It portaal foar de Fryske literatuer is Sirkwy.frl, dêr’t ynformaasje op te finen is oer skriuwers, boeken en literêre prizen.

 De literêre kolleksje, sawol fysyk as digitaal, wurdt ûnder oare brûkt troch learlingen of studinten dy’t in wurkstik meitsje moatte, mar bygelyks ek troch minsken dy’t in teaterstik oer in skriuwer út harren doarp meitsje of troch wittenskippers dy’t biografysk ûndersyk dogge. In foarbyld fan dat lêste is de biografy dy’t skreaun wurdt oer Tony Feitsma (1928-2009).   

Op Sirkwy is ek ynformaasje oer literêre kursussen te finen, want neist dokumintearjen wurket Tresoar yn oparbeidzjen mei partners ek oan in ferbreding fan it literêre klimaat yn Fryslân. Tresoar organisearret kursussen en eveneminten dy’t de produksje fan literatuer stimulearje en der foar soargje dat de kennis oer en de wearde fan de Fryske literatuer oerdroegen wurdt.

 De portretfoto’s binne mei boarnefermelding (Tresoar, Haye Bijlstra) troch elkenien te brûken ûnder de lisinsje fan Creative Commons. Foar de swierdere bestannen of mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei de redaksje fan Sirkwy: sirkwy@sirkwy.frl