Algemeen

Tonielferiening 'Pro Rege' Holwerd spilet yn Ferwert

Toanielferiening Pro Rege út Holwert bestiet al mear as 85 jier en spilet elts jier in klucht as in blijspul. Dit winterskoft spylje sy it blijspul “Troch omstannichheden iepen”, skreaun troch Aris Bremer en oerset troch Betty Schilstra. 

Freed 8 novimber ’19 om 20.00 uur sille sy de earste foarstelling jaan yn Grandcafé Ut en thús yn Ferwert.  Kaarten yn ‘e foarferkeap kin reservearre wurde by Johanna van der Meij (06-10417860), kaarten oan ‘e seal Dit jier spilet it stik yn herberch “De Kromme Kronkel” yn in lyts doarpke dat  hast net op ‘e kaart te finen is. Krijn en Styn Kromme, broer en suster, eigners fan de herberch kinne amper de holle boppe wetter hâlde. Bram Bûterblom is de iennige stamgast. Dochs komme Lidy, Ellen en Meta mei harren jierlikse kanotocht hjir telâne. Sy soenen mar efkes bliuwe mar in ûnwaarsbui en ( krekt) wat tefolle Kleare Kronkel, de spesjaliteit fan it hûs, makket dat de froulju útfanhûzjen bliuwe. Dit rint út op in gaos en wat foar geheimen komme der allegear oan it ljocht en mei wat foar bedoeling is eltsenien dêr eins?

Nei harren foarstelling yn Ferwert giet Pro Rege mei dit stik de dyk út, ferskate optredens stean al yn ‘e aginda, o.a. 2 foarstellingen yn eigen doarp Holwert yn jannewaris. Liket it jo ek wat ta om us foar jo feriening oer de flier te hawwen?

Foar mear ynformaasje sjoch op ús Facebookpagina of skilje mei Johanna van der Meij, 06-10417860.