Algemeen
Toanielselskip ‘Vriendenkring’ spilet foar jim Memmesiel
Kom “Memmesiel” sjen op freed 9 en sneon 10 desimber 2022 om 20.00 oere yn “De Bining” te Koarnjum!
Memmesiel
Memmesiel giet oer fjouwer froulju yn de finzenis. Misdiedigers binne it en se binne foar harren dieden lang en swier straft. Se sitte der nammentlik net foar wat kattekwea. Misdiedigers binne mear dan allinnich mar it grouwélige delikt dat se bedreaun ha, mar oer dat delikt ha dizze froulju it net. Wol oer djoere klean, hotels en moaie apparteminten om de boel wat te fersêftsjen.
It is mear de memmesiel dy’t harren by de strôt hat. Memmen yn de finzenis. De memmen dy’t se sear dien ha. De memmen dy’t se mist ha yn harren libben of de memmen dy’t altyd klear stien ha. Oer skuld en skamte nei alle memmen dy fertriet ha om harren dochters. In foarstelling mei oangripende scênes en humor.
Skriuwer: Anja Steegstra
Rezjy: Regina Visser
Spilers: Marleen Engbrenghof, Richt van der Velde, Lieuwkje Boomsma en Sytske Nicolay
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 12 januari
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari