Algemeen
Toanielselskip ‘Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum’ spilet twa ienakters
Op freed 13 desimber en sneon 14 desimber 2018 presintearret Toanielselskip ‘Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum’ de twa ienakters. Oanfang beide jûnen 20.00 oere yn de Bining te Koarnjum.
Wa komt der by it sirkus wurkjen?
Skreaun troch Peter van den Bijllaardt
De direkteur fan sirkus OhLolááá siket nije artysten. Se hat in advertinsje yn ‘e krante set. Dêr komme in soad, best wol wat aparte, minsken op ôf. Elkenien wol as earste oan de direkteur fertelle wat foar geweldich nûmer hy of sy hat. Dat wurdt fansels in gekkeboel! …De fraach is fansels: wa komt der by it sirkus wurkjen?
Spile troch: Isis Hofman, Willem Holwerda, Silke de Vries, Linde Hofman en Ruben Schouten.
Rezjy: Richt v.d. Velde en Sytske Nicolay.
De dûnsles
Skreaun troch Karin Idzinga
Twa jonges en twa famkes binne yn it ramt fan in soarte fan 'heropvoedingsprogramma' nei dûnsles stjoerd. It min sin stiet harren op de foarholle skreaun. De dûnslearares begjint de les mei in blier optimisme dat op de jongerein net folle útwurking hat. Kriget sy it foarinoar om dizze bern yn beweging te krigen?
Spile troch: Mirthe Swart, Esmee Sinnema, Sido Faber, Annika de Vries en Jelmer Nicolay.
Rezjy: Anita Dijkstra.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december