Algemeen

Toanielselskip Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum spilet 'God fan ‘e slachting'

Toanielselskip Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum spilet foar jimme op 22 en 23 maart 2019 'God fan ‘e slachting', in alles útsein beskaafde komeedzje fan Yasmina Reza.

Kom dizze komeedzje sjen op freed 22 en sneon 23 maart 2019 om 20.00 oere yn “De Bining” te Koarnjum! Twa troude pearen komme bij- inoar neidat de soan fan it iene stel de soan fan it oare stel mei in stôk slein hat. De twa pearen binne derfan oertsjûge dizze pynlike kwestje as fjouwer folwoeksen en beskaafde minsken út te praten. Wat begjint mei kofje en gebak rint út op in slachfjild fan hurde wurden en ferwiten.

Rezjy: Anita Dijkstra

Rezjy assistint: Danitsja Lourens

Spilers: Sytske Nicolay, Albert Sinnema, Richt van der Velde en Bauke Beert Keizer

Sjoch ek ris op ús Facebookside: www.facebook.com/tonielselskipvriendenkring.