Algemeen

Toanielferiening Pro Rege Holwerd spilet freed 3 en 10 jannewaris 2020

Yn novimber hawwe wy ús publyk yn Ferwert en fan de Fryske Krite Assen al in jûn hearlik laitsen besoarge en dat wolle wy troch sette yn it nije jier en dat jier begjinne wy fansels yn eigen doarp.

Wy, toanielferiening Pro Rege út Holwert ha ferline jier sjoen dat beide jûnen goed besocht binne, it wie in sukses. Dêrom organissearre wy ek yn 2020 twa jûnen. Op freed 3 en 10 jannewaris 2020 spylje wy yn ’t Sintrum yn Holwert it blijspul “Troch omstannichheden iepen”.

It stik is skreaun troch Aris Bremer en oerset troch Betty Schilstra.

Sa as altyd spylje wy op de earste freed fan it jier, dit is op 3 jannewaris. Dizze jûn is mei muzyk fan Daniel Metz. De fuotten kinne fan de flier. In wike letter op freed 10 jannewaris ha wy ek in foarstelling. Op dizze jûn kinne jo gesellich neipraete mei in drankje.

 Dit jier spilet it stik yn herberch “De Kromme Kronkel” yn in lyts doarpke dat  hast net op ‘e kaart te finen is. Krijn en Styn Kromme, broer en suster, eigners fan de herberch kinne amper de holle boppe wetter hâlde. Bram Bûterblom is de iennige stamgast. Dochs komme Lidy, Ellen en Meta mei harren jierlikse kanotocht hjir telâne. Sy soenen mar efkes bliuwe mar in ûnwaarsbui en ( krekt) wat tefolle Kleare Kronkel, de spesjaliteit fan it hûs, makket dat de froulju útfanhûzjen bliuwe. Dit rint út op in gaos en wat foar geheimen komme der allegear oan it ljocht en mei wat foar bedoeling is eltsenien dêr eins?

 Kaarten yn ‘e foarferkeap binne € 12,- en kin reservearre wurde by Johanna van der Meij (06-10417860), kaarten oan ‘e seal € 15,-. Ek reservearre kaarten kinne jûns oan de seal betelle wurde. Wy ha gjin pin!

Wolle jo der by wêze en is der in jûn dy’t jo foarkar hat, reservear dan op tiid want fol is fol.