Algemeen

Toanielferiening Hâld Moed spilet “Amateurs”

Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de amateurspilers fan Toanielploech Sân. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de skouboarch. Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. 

De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de regisseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is gjin dekor en wa docht no eins presiis wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht te kloatsekjen, wannear komt Joop en wa docht it mei de regisseur en wa net? Allegear fragen dêr't noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre...

De foarstellingen binne yn it Parochiehuis te Dronryp op sneon 11 jannewaris 2020 (útferkocht) en 18 jannewaris 2020. En op snein 19 jannewaris 2020 en 26 jannewaris 2020. Op sneon is de oanfang 20.15 oere en op snein 15.30 oere. Wolle jo in gesellige middei as jûn út dan is in besoekje oan ien fan dizze foarstelling seker oan te rieden. Nei de foarstelling kinne jo noch efkes noflik neiprate en as dûnsje op de klanken fan muzyk. De kaarten binne te krijen by Drogisterij & Parfumerie M & M yn Dronryp.