Algemeen
Toanielferiening Halbertsma op de planken mei it stik:'Fêstrûn'
Ha jo ferline jier ek sa genoaten fan de útfiering fan ús toanielselskip? Dan moat’ jo beslist ek komme om dizze útfiering te sjen. In jûn wêrby de laits-spieren traind wurde kinne.
Op sneon 1 en 8 febrewaris 2020 spilet toanielferiening Halbertsma it stik “FÊSTRÛN”. It stik is yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. De rezjy is yn hannen fan Harm Veenema. Wy begjinne om 20.00 oere. Lokaasje: de Skalm te Stiens. Dus de kosten fan it kaartsje meie de drompel net wêze om te genietsjen fan in gesellige toanielútfiering. Nei de útfiering noch efkes de neisit ûnder it geniet fan wat muzyk op de beide sneonen. Hawwe jo it op sneon net oan tiid of wolle jo it stik nochris sjen, dan binne jo wolkom op snein 9 febrewaris om 15.00 oere. Koarte ynhâld fan it stik. In komyske skriller fan Mary Bakker-Schoon.
Fjouwer freondinnen binne ûnderweis nei in jûntsje Chippendales en in lang wykein der achteroan. Se toere mei in tas fol kofje en broadsjes troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad yn de buert fan Appelskea. Se klopje oan by in buorkerijke dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske fan de ANWB is, mar der blykt in bargeboer te wenjen. As se freegje oft se de nacht oerbliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn har nijsgjirrigens fine se in koffer ûnder it bêd mei in ynhâld om fan te grizen. Skedels en bonken, wat moat dat ûnder it bêd fan in bargeboer? Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim...
Fan 18 jannewaris ôf ferkeapje wy kaarten yn de foarferkeap by de Primera yn Stiens.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december