Algemeen
Ternaarder Tekkenhaaksters hawwe it 80ste krûpkekessen útdield.
Ternaard Sneon 24 oktober, moarns om 10 oere sammelen de Ternaarder Tekkenhaaksters harren bij Nynke Schoorstra.
De ôfrûne moannen is der wer flink haakt en binne der wer ferskillende kessentsjes yn elkoar set. Om’t ek de Tekkenhaaksters rekken hâlde mei de Coronamaatregels, waard der foaral thús haakt en hold men elkoar op de hichte fia de sociale media. Hake, naaie, fulle elk hie in taak. Mar net allinnich in haakwurkje siet der yn de tas mar ek in moaie hertfoarmige hinger makke troch Sonja de Vries, in kearske makke troch Jet van der Woude fan Waddenvlam, in kadobon oanbean troch Spar Herder, in moaie kaart makke troch Esther de Joode mei de tekst:
Foar jo in krûpkekessen
as stipe yn de rêch
as in fuottenbankje foar de kâlde fuotten
as in hollekessen foar de wurge holle
as sitkessen foar in noflike sit.
Elk dy’t in kessentsje ûntfong waard dêr bliid fan. Dat der yn dizze drege dagen om harren tocht waard. De reaksjes dienen ek de Tekkenhaaksters goed.
De Tekkenhaaksters hake troch en hawwe al in folgjend projekt betocht. Wat dat wurdt? Dat sil yn de takomst wol dúdlik wurde.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december