Algemeen

Stim “Alde Leie” yn de Fryske Top 100

Alde Leie is in lyts doarpke mei in hiele eigen identiteit en in ynteressante skiednis. Untstien as havenplakje oan de Middelsé mei in bloeiende hannel, waard it letter yn ‘e tiid in plak dêr’t de trije gemeenten (dêr’t it doarp ûnder foel) it útskot fan ‘e befolking hinne brocht. 

Doe gong it der rûch om en ta en wie der grutte earmoede, it hier kaam troch de pet! Mar ek dy tiid hat it doarp oerwûn en hjoed de dei is it in gemoedlik doarpke, dêr’t de minsken graach wenje en je kinne der alle kanten út. 

Net sa fier fan Ljouwert en oare grutte doarpen as St. Anne, Stiens en Hallum, dy’t maklik te berikken binne foar boadskippen, sporten en de skoallen, hawwe je dochs it gefoel dat je efkes fan ‘e wrâld binne yn Alde Leie. Dat is gefoel fan frijheid dat min te beskriuwen is. Op ‘e kroech en it doarpshûs nei is der neat mear yn it doarp en dat makket dat de minsken dy’t der wenje kreatyf binne en harren sels rêde kinne. De feart dy’t troch it doarp rint, is in diel fan de alvestêderûte. As dy ticht leit, dan is de sfear hast mearke-eftich te neamen yn it doarp en komt de ferieningssin fan de minsken yn alle fûlens nei boppen. Simmers is it gesellich op it keatsfjild en as it doarpsfeest is, giet it dak derôf. 

Mar wêr’t it lytse doarp echt grut yn is, is dat je jesels wêze kinne. Mei al je talinten, tekoartkommingen as domme dieden, sille se je nea de rêch takeare. Fansels wurdt der rabbe en wolris rûzjemakke, mar dat is net de basis. Yn Alde Leie binne je sa as je binne en net om wat je hawwe as wat je kinne. En dat is hiel wat wurdich.

Lit Ljouwert en omkriten witte dat we op de kaart stean en zeker op de kaart bliuwe! Gean nei www.frysketop100.nl en bring jo stim ut op de evergreen Alde Leie fan Rene Soethout! Dit kostet jo krekt like folle tied as ut besjen fan dit stikje, en we ha jo stim hurd noadich. Tige tank!

 

Alde Leie is te besjen en te belusterjen op: www.youtube.com/watch?v=njJDWPR4ydw