Algemeen

Stichting Klaes Westra spilet: 'It komt wer foar 't ljocht!'

Klaes Westra wie kabaretier, sjonger en toanielspiler yn it midden fan 'e foarige ieuw. Mei syn Selskip Klaes Westra reizge hy de provînsje rûn mei syn conferences en ferskes.

Syn beide pakesizzers Aeltje Walsma en Gea Verhaag bringe âlde ferskes en sketskes wer foar 't ljocht, oanfolle mei famylje-oantinkens en eigen ynbring.

Eltsenien koe Klaes Westra syn melangoalyske 'Plakje grûn' meisjonge en er waard dûnst op syn 'Djip yn 'e wâlden'. Mar hy wie ek maatskippykritysk mei konferences as 'Harke fan de fûgelwacht' oer it ljipaaisykjen en 'De swalker' dat feitelyk oer konsuminderen giet! 

No, hast 75 jier fierder hawwe de pakesizzers al dat moaie materiaal oan ferskes en konferences fan 'e soulder helle. Tegearre ha sy in nij programma makke mei âlde en nije ferskes en grappen. In nostalgyske, Frysktalige, noflike jûn!

Yn de foarstelling wurd, troch middel fan projeksje, gebrûk makke fan de originele teaterdoeken fan Abe Gerlsma, dêr't no in exposysje oer is yn museum Martena. Underdiel fan het teaterproject is in mini-dokumentêre oer it libben fan Klaes Westra. Dêryn interviews mei û.o. Leny Dykstra dy't spile hat mei Klaes Westra yn syn tiid dat er by Tetman de Vries spile.

Regie: Gea Struiksma

Try-out: 30 maart: Pakhûs Solo yn Stiens. Premjêre: 12 april: De Bining yn Koarnjum

www.klaeswestra.nl