Algemeen

Akke en ik wiene okkerlêsten 56 jier troud. Neat bysûnders sil men tinke, wie it net dat wy al wer hast in healjier skieden binne fan tafel en bêd om’t Akke fanwegen Parkinson opsluten sit, en no dus wol letterlik troch Corona, yn de lyts skalich wenjen ôfdieling fan Skilhiem.

Om ús troudei te betinken hie ik hjir yn’t doarp in Stevenotis besteld om’t dy ek yn Akke har breidsboeket sieten. No.., sa sei de mefrou oer de telefoan, dat koe noch wolris dreech wurde mar hja soe har bêst dwaan. En ja wol, in dei tefoaren stie hja mei twa Stevenotissen by my op’e stoepe. Ik wie ferbjustere en wist net wat te sizzen, ‘sjoch mar op it briefke’ sa sei hja......;

“Bêste Van Dijk, 

Ofrûne sneon bellen jo my oer de Stevenotis foar jo frou. Bert koe net mear oan dizze plant komme, jo fraach wie krekt te let, hy gie dizze wike net nei de feiling. Jo hiene my koart it ferhaal oer jo frou yn it fersoargingshûs  en jimme troudei ferteld en ik fûn it sa spitich dat we jo no net oan sa’n plant helpe koene. Om har toch de blom út hat breidsboeket te jaan, ha ik hiel wat blommesaken ôfbelle, earst tegearre mei Bert, mar sûnder resultaat Mar de ‘aanhouder wint’, en it is my tongersdei slagge! Ien Stevenotis foar jo en ien foar jo frou, foar jimme troudei. In spesjale plant foar in spesjaal ferhaal, in spesjale dei en fêst ek in spesjale man en frou! Ik hoopje dat jo jo frou der bliid mei meitsje kinne en dat ik jo der bliid mei meitsje.

Van Dijk, fan herte lokwinske mei jimme troudei en in goeie dei tawinske! De Stevenotissen binne myn kado foar jo en jo frou.

Groetnis fan Rinske.

PS. Mocht de plant net de kwaliteit hawwe dy’t jo altyd wûn binne by Bert, nim it him dan net kwea ôf. It wie myn idee om it sa te dwaan omdat ik jo ferhaal bysûnder fûn. Ik fûn it sa spitich dat jo plan net slagje soe. Ik holp ôfrûne sneon tafallich Bert en Anja yn ferbân mei de memmedei drokte, normaal bin ik der net faak. Fersoarging plant: net te wiet en net te droech, wat fieding. “

Oan ‘t safier dus dit bysûndere gebaar fan dizze minsken foar Akke en my. Wy meie ús lokkich priizgje mei in leafdefolle kring fan freonen dy’t yn dizze drege tiid om ús hinne steane, mar dit woe ik der efkes tusken út lichte, dizze minsken fertsjinje in P(B)LOM! De Stevenotis stiet by elk fan ús te pronk en skitterend te bloeien!  

Gerrit fan Dijk.