Algemeen

Sjouke Helfrich sintraal yn it keatsmuseum

In bysûndere byienkomst yn it Keatsmuseum op sneon 28 septimber. Dêr waard troch de famylje Helfrich de skinkingsoerienkomst fan de prizen fan Sjouke Helfrich oan it Keatsmuseum ûndertekene. De soannen Catharinus en Douwe hellen herinneringen op oan harren heit, wylst bestjoerslid Theo Kuipers in bylzjend oersjoch nei foaren brocht oer de keatskarrière fan Sjouke Helfrich. Ek wiene der in tal bestjoersleden fan keatsferiening “De Helfrichs” út Kimswert oanwêzich.

Yn de 20’er en 30’er jierren fan de foarige ieuw makke Sjouke Helfrich fan Kimswert, de lytse bakker mei de grutte stap, furore op de Fryske keatsfjilden. Sa wûn hy foar Kimswert twa kear de Jong Nederlandpartij. Doe’t hy bakkersfeint yn St. Jabik waard kaam hy yn it ôfdielingspartoer mei Dooitzen de Bildt en de ferneamde Klaas Kuiken. De mannen wûnen trije jier op rij de bûnspartij. Dyselde bûnspartij wûn Sjouke ek foar Winaam dêr’t hy yn 1936 selsstannich bakker waard. Syn prestaasjes op de PC liigden der ek net om. Fiif kear winst, trije kear de preemje en trije kear de lytse preemje. De lêste PC-winst, Sjouke wie doe 37 jier, wie yn 1948 mei Marten van der Leest en Theun de Bruin. Helfrich helle yn syn lange keatskarrière 530 punten.

De prizen fan Sjouke Helfrich binne yn in tydlike tentoanstelling te besjen yn it Keatsmuseum. It museum is yn de moanne oktober iepen fan tiisdei o/m sneon fan 13.00 oant 17.00 oere. Yn novimber allinne op freed en sneon.