Algemeen

Sinteklaasferhaal troch Etie Pasma

Gjin Sinteklaasfeest?

It is núver mar as Sinteklaas hjir komt dan giet der faak wat mis! De iene kear binne de pipernuten ferbrând of de Piten siik en gean sa mar troch. 

Hiel lang ferlyn gie it ek mis. Wat der doe wie? No, doe begûn it yn novimber yniens te friezen. It waard sa kâld dat de iisbanen iepen koenen en de redens út it fet. En it frear mar troch, in skoftke letter lei der sels iis yn de feart. 

Mar doe begûnen de problemen foar Sinteklaas, dy mei de stoomboat ûnderweis wie, want hy kaam mei de boat fêst te sitten yn it iis en koe net mear fierder. Dat wie net bêst want dat betsjutte dat der gjin Sinteklaasfeest komme soe dat jier! Hiel it lân rekke oerstjoer. De bern moasten der fan gûle en koenen der net fan sliepe. De boargemaster, dy dat jier de yntocht regelje soe, tocht gjin Sinteklaasfeest dit jier, dat kin net!  Hy kaam op de tillevyzje en frege de minsken om in oplossing te betinken. 

Gelokkich wie der ien dy der wat op wist en dy betocht om mar mei sliden en hynders oer it iis nei de stoomboat ta te gean om sa Sinteklaas, syn Piten EN de pakjes fan de boat te heljen. Dat wie in goed plan. Alle sliden kamen foar it ljocht en de hynders der foar. Ien fan dy sliden brocht earst Sinteklaas en de Piten nei de wâl, dan koenen dy alfêst nei de doarpen en de stêden. De Piten hienen de pipernuten meinommen sadat se alfêst wat yn de skuon dwaan koenen. 

Op it iis wie it dêrnei smoardrok want alle pakjes, en dat wienen in soad, moasten nei de wâl brocht wurde. Dy jûns wie dat op de tillevyzje en sommige bern seagen har namme op in pakje stean. Wat wienen dy bliid, want dy wisten no dat se wol wat krije soenen! Sa kaam alles goed en koe it Sinteklaasfeest gewoan troch gean!  No ja, gewoan?  It wie fansels bysûnder as it yn novimber al winter is, mar sa hiel bysûnder ek wer net, betink ik krekt. Want dat âlde Sinteklaas ferske sei ommers lang ferlyn al: “Sinteklaas riidt op syn hynder troch de hege wite snie!”

Doe wie it dus ek al winter yn dizze tiid, want snie ha je allinnich as it winter is! Eins soe it wol moai wêze as wy dit jier ek ride of yn de snie boartsje kinne as de Sint hjir is. Ik soe it wol wolle! Jim ek wol?