Algemeen

Ryk honorearret ynnovaasje-eksperimenten provinsje Fryslân

It Ryk stipet twa fernijende projekten dy’t yntsjinne binne troch de provinsje Fryslân by it Innovatiebudget Digitale Overheid. De projekten Open Poen en Zicht op Stikstof krije elk trije ton. Fryslân eksperimentearret yn gearwurking mei oare oerheden mei digitale innovaaasjes. Dy moatte bydrage oan in transparante tsjinstferliening mei minder administrative druk foar ynwenners en oare partijen.

Open Poen

Open Poen is in digitale tsinst foar it oanfreegjen en ferantwurdzjen fan lytsere sybsydzjes. It wurket ienfâldich: subsydzjeoanfregers krije in baknpaske fan de provinsje wermei’t se fanút in foar in eltsenien yn te sjenne bankrekkening beskikke kinne oer it oan harren takende jild. Se kinne sels fuortendaliks alle betellings dwaan mei in paske. It is in iepen en transparant systeem. De provinsje wol hjirmei inisjatyfnimmers en de gearwurking tusken bewenners fasilitearje, folsleine iepenheid kreeare oer hoe’t it sybsydzjejild bestege wurdt en de administrative ferantwurding foar subsydzjeûntfangers sa lyts mooglik meitsje.

 

It systeem is ûntwikkele yn gearwurking mei de gemeente Amsterdam. It prototype wurdt yn Frysân útbesocht binnen it provinsjale Iepen Mienskips Fnds (IMF). It IMF stribet al nei in sa leech mooglike administrative belesting foar de oanfregers, mei Open Poen kin dit mooglik noch ienfâldicher.

 

Zicht op stikstof

It projekt ‘Zicht op stikstof’ makket in digitale keppeling moogik fan trije ferksillende metoaden om de fersprieding fan stikstof, de boarne, it transport en de effekten op de natoer te mjitten. Hjirtroch kin flugger en transparanter neigien wurde wat de effekten binne fan maatregels om de stikstof werom te bringen. Fiif provinsjes en oare partijen wurkje meielkoar oan dit projekt. Oare provinsjes kinne ienfâldich dielnimme, ek nei ôfronding fan it eksperiment. Ek de útrol nei oare lannen is mooglik. Zicht op Stikstof set útein nei de simmer.