Algemeen
Reagearje op it nije nasjonale lânbouplan
It Europeeske Mienskiplike Lânboubelied (GLB) wurdt hieltyd konkreter. Elke lidsteat fan de Europeeske Uny is ferplichte om op basis fan dit GLB in Nasjonaal Strategysk Plan (NSP) op te stellen foar de perioade 2020 -2027. Nederlân hat ein desimber in konsept foar dit NSP yntsjinne by de Europeeske Kommisje. Ek is der in Strategysk Miljeu-effektrapport (S-MER) opsteld. De oanbelangjende dokuminten kinne ynsjoen wurde. Elkenien kin oant 1 febrewaris 2022 reagearje op de S-MER en de gearfetting fan it NSP.
Stimulans foar boeren
Yn it Nationaal Strategisch Plan (NSP) Mei it NSP wol Nederlân natuerynklusyf kringloopboeren better beleanje. It nije belied rjochtet him op it stypjen fan boeren dy 't derfoar kieze om harren bedriuw fierder te ferduorsumjen en te fernijen. Oer de hiele perioade fan fiif jier is yn totaal sa 'n 4,7 miljard euro beskikber. In soad fan dat jild wurdt bestege oan it stypjen fan boeren dy 't ynnovearje, fernije en bydrage oan doelen foar bioferskaat, klimaat, boaiem, wetter en loft. De meast yn it each springende feroaring is de ynset op de eko-regeling. Boeren kinne eko-aktiviteiten kieze dy 't sy tapasse wolle op harren bedriuw en krije dêrfoar in fergoeding.
Sjenswize yntsjinje foar 1 febrewaris 2022
It S-MER en it NSP binne ein desimber yntsjinne by de Europeeske Kommisje en kinne ynsjoen wurde. Ynteressearren en belanghawwenden kinne in sjenswize yntsjinje. Dit kin oant 1 febrewaris 2022 fia dizze link: https://www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/s-mer-en-nsp-ter-inzage
Mear ynformaasje
Jo kinne de oanbelangjende dokuminten en mear ynformaasje oer it Mienskiplik Lânbou Belied (GLB) weromfine fia de neikommende links:
- Strategisch Milieueffect Rapport (S-MER): https://www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/documenten/rapporten/2021/12/22/concept-strategisch-milieueffectrapport-glb-nsp
- Samenvatting Nationaal Strategisch Plan (NSP): https://www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/documenten/publicaties/2021/12/03/concept-nationaal-strategisch-plan :
- Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB): https://www.toekomstglb.nl/over-glb
Laatst geplaatst
Agenda
-
Za 11 januari
-
Zo 12 januari
-
Ma 13 januari