Algemeen

Raze om protters yn Burdaard en Hijum

Sneon 19 oktober spilet Tryater Raze om protters yn MFC Het Spectrum te Burdaard en freed 25 oktober yn it doarpshûs De Kampioen te Hijum. Kaarten binne te reservearjen fia www.tryater.frl foar Hijum ek fia til. 0518431400. dorpshuishijum@hotmail.com. 
De Reisfoarstelling fan it Fryske teaterselskip begjint om 20.00 oere. 

Raze om protters giet oer minsken dy’t harren bûtensletten fiele. Om’t it liket oft de wrâld net foar hun makke is. Hoe bliuwst dan oerein? Yn it libben fan Doede (Raymond Muller) is in soad feroare. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget foar him ûnbetelber te wurden. De maat is fol en hij easket in podium om tiid en oandacht te freegjen foar sn libben. Yn Raze om protters nimst Doede it publyk mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstmes. 

Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oan-tal stikken skreaun. Yn Raze om protters set Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt. In stik fol humor en tragyk.