Algemeen
Pop-up museum mei 'kadokeunst' fan Ids Willemsma
Op sneon 24 augustus is Obe it dekor foar in pop-up museum mei ‘kadokeunst’ fan Ids Willemsma. Dizze lytse wurkjes waarden troch de Fryske keunstner spesjaal makke foar freonen, famylje en bekenden en wurde no foar ien kear tentoansteld.
Foto: racefytshâlder mei bakje, makke troch Ids Willemsma.
Ids Willemsma is benammen bekend fan syn byldbepalende keunstwurken yn de iepenbiere romte. Tink bygelyks oan it ferneamde 'tempeltsje op 'e dyk', of it byld dat hy makke as earbetoan oan atlete Foekje Dillema. Mar de alsidige keunstner makke tidens syn karrière ek hûnderten lytsere keunstwurkjes dy't er kado joech oan bekenden, bygelyks by in jubileum, in jierdei of samar. Wat te tinken fan in houten komkommerplanke dy't kado jûn is oan ien dy't foar it earst op keamers gie, of in tekening ta eare fan in jierdei? Yn juny die Tresoar in oprop oan besitters fan dizze keunstwurken om se beskikber te stellen foar in tydlike tentoanstelling. Hjirop kamen mar leafst 17 reaksjes. Guon minsken brochten sels meardere keunstwurken yn. De opbringst wie breed: fan etsen oant bôleplanken, en fan tekeningen oant byldsjes. Faak mei de nedige doasis humor: keunst mei in fette knypeach. Sa wie der in metalen envelop foar ien dy’t op de útnûging fan har feest in envelop pleatst hie as ‘kadotip’. Op 24 augustus wurde dizze keunstwurken ien dei tentoansteld yn Obe. It gebou is fan 11 oere ôf iepen. Ids Willemsma treedt sels middeis om 15.00 oere op mei de dichters Grytsje Schaaf, Anne Feddema en Elske Kampen. De tagong is fergees. It pop-up museum is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘IDS! Sjen sjoch sjoen’ yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Adres: Heer Ivostraatje 1, Ljouwert |
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december