Algemeen
Poadium foar mienskipsinisjativen
Yn dizze tiid fan koroana binne der in soad minsken dy’t soarch foar elkoar hawwe en inisjativen opsette om kwetsbere minsken te helpen. Op www.fryslanynferbining.frl krije dizze inisjativen in plak. Minsken dy’t help nedich binne, kinne yn ien kear sjen by wa’t hja telâne kinne.
Mei de kampanje ‘Fryslan yn ferbining’ wol de provinsje Fryslân de mienskip in opstekker biede en omtinken jaan oan alle moaie inisjativen, regelingen en aktiviteiten dy’t op dit stuit rinne of ûntwikkele wurde. Hjirby wurdt der gearwurke mei ferskate partners, wêrûnder gemeenten en wolwêzensorganisaasjes. It projekt hellet zzp’ers en makkers út it kulturele fjild oan, dy’t troch de koroanakrisis hurd rekke binne en fan wa’t de opdrachten bêst weromrûnen, by it ta stân bringen fan de kampanje Fryslân yn Ferbining.
De webside www.fryslanynferbining.frl is in gearwurking tusken Merk Fryslân en de provinsje Fryslân. Minsken kinne in ynisjatyf pleatse litte fia it oanmeldformulier op de site.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
-
Vr 3 januari
-
Za 4 januari
-
Zo 5 januari
-
Ma 6 januari
-
Di 7 januari
-
Wo 8 januari