Algemeen

Plan foar bestriding úthiemske plante- en bistesoarten

De oerheden yn Fryslân sille mei-inoar ynvasive eksoaten oanpakke. It giet om fluch groeiende úthiemske plante- en bistesoarten dy 't de besteande natuer en it bioferskaat bedriigje. Deputearre Steaten hawwe de Beliedsnotysje Invasive Eksoaten Fryslân fêststeld. Dêryn stiet hoe 't sy de ynvasive eksoaten bestride wolle.

Dizze nylgoes mei piken is in foarbyld fan in eksoat. 

Troch minsklike aktiviteiten binne de eksoaten fanút oare wrâlddielen yn ús lân telâne kaam. Dêrneist soarget de klimaatferoaring der foar dat soarten dy 't fan natuere net yn Europa foarkomme har hieltyd better thús fiele yn Fryslân.

 

Foarbylden

Foarbylden fan soarten dy 't neffens de Europeeske Uny foar natuerdoelen gau ferwidere wurde kinne en moatte binne de Aziatyske hoarnbij, de treurmaina (in prottereftige) en de waskbear. Ek de ekonomy en ús folkssûnens kinne reden wêze foar yngripen. Tink oan it galleblêd  dat wettergongen blokkearret, de muskusrôt dy’t diken fernielt en de grutte beareklau dy’t brânwûnen feroarsaket.

 

Provinsjes stean net allinnich yn de oanpak fan ynvasive eksoaten. Ek wetterskippen (wetterplanten, muskusrôt, beverrôt) en gemeenten (planten yn dykbermen en iepenbier grien) wurkje mei. Lykas behearders fan natuergebieten, Rykswettersteat en ProRail.

 

Helber en betelber

De eksoaten wurde op trije manieren oanpakt; troch previnsje, folsleine bestriding en troch beheining fan de fersprieding. De bestriding moat helber en betelber wêze en is dêrom maatwurk, seit deputearre Douwe Hoogland.

’’Fan de iene soarte kinne wy noch ôf komme, de oare kinne wy allinne behearsber hâlde. Faak is it sa dat wat earder wy der by binne, hoe makliker en goedkeaper de bestriding giet.’’ Dêrom is it wichtich dat oerheden yntiids op ’e hichte binne fan nije net winske populaasjes.

 

’’Noch better is it fansels de yntroduksje fan eksoaten foar te kommen'', stelt Hoogland. "Wa’t in skyldpodsje, in tropyske fisk of in akwariumplant yn de frije natuer efterlit, beseft faak net wat de gefolgen binne.’’ Mei in foarljochtingskampanje wol DS dêrop wize.