Algemeen

Opnij Voucherregeling foar Fryske ûndernimmers

Undernimmers, dy't fierder groeie wolle, kinne fan hjoed ôf wer subsydzje oanfreegje fia de Voucherregeling MKB Fryslân 2021 -2023. Der is subsydzje foar ynnovaasje, bedriuwsûntwikkeling en ûndernimmersûntwikkeling. Fan ‘t jier binne der mear mooglikheden foar enerzjybesparring. Provinsje Fryslân stelt €1.150.000,- beskikber foar subsydzjes tusken de €2.500,- en €5.000,-.

 Foto: Barber Hafez

De subsydzje is bedoeld foar projekten dy't bydrage oan in sirkulêre ekonomy, ynsetberheid fan personiel en it digitalisearjen fan de ûndernimming. Sûnt de earste iepening yn 2018 is de regeling in grut sukses. De regeling wurdt yn 2023 foar it sechsde jier iepensteld. Yn 2022 binne 330 subsydzjes takend oan ûndernimmers.

 

Ien fan de earder honorearre subsydzje-oanfragen kaam fan it bedriuw Revahs dat profesjonele tondeuzes ferkeapet. Eigener Mark Schapelhouman: "Mei help fan de voucher hawwe wy ús digitale merkstrategy en merkposisjonearring ferbetterje kinnen. Om sa mear nammebekendheid generearje te kinnen yn Nederlân en België. It aksjepunt lei al langer op 'e tafel, mar mei help fan de voucher koene wy dat makliker en flugger realisearje. It joech ús in ekstra ympuls om fierder groeie te kinnen. De voucher biedt ûndernimmers de kâns om harren plannen te realisearjen om fierder groeie en eksellearje te kinnen." Under oare de barbier Ammar Hafez yn Ljouwert makket gebrûk fan Revahs-tondeuzes.

 

Mear mooglikheden foar enerzjybesparring

Fan ‘t jier binne der mear mooglikheden foar enerzjybesparring. In enerzjybesparringsadvys rjochtet him net allinnich op it produksjeproses, mar ek op saken as it tapassen fan restwaarmte yn it bedriuwspân, de oanskaf fan elektryske bestelweinen of enerzjysunige apparatuer.

 

It is net mooglik om subsydzje oan te freegjen foar skoalling fan personiel en eigeners. Wol is der budzjet beskikber foar it folgjen fan in strategyske ûntwikkelingsoplieding.

 

De vouchers kinne oanfrege wurde by it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN).

Kinst dyn oanfraach yntsjinje mei dizze link: Voucherregeling MKB Fryslân 2023 | SNNMear ynformaasje stiet op dizze side.