Algemeen

Oerfal op de Hijumer Mieden

It moat net mâler soenen je sizze, in oerfal yn de Hijumer Mieden. Mar wês gerêst, it is mar de titel fan in boek, skreaun troch Etie Pasma-de Vries. Al hast twa jier stiet der elke moanne in kollum- of better sein: ferfolchferhaal - yn De Stienser mei as titel Alde Sije. It ferhaal rint yn septimber fan 2025 op syn ein, mei in ferrassend slot, neffens Wil, de man fan Etie. 

Dat let net dat trouwe lêzers fan Etie har der gauris op oansprekke dat it yn dizze tiid fan Sint en Kryst wol wat lang duorret ear’t it ferhaal fierder giet. Om’t it by de telefyzje al lang net mear frjemd is om foarút te sjen by populêre searjes – benammen om’t minsken net mear it geduld ha om te wachtsjen - komt Etie no mei de útjefte fan it folsleine ferhaal oer Alde Sije yn in boek mei boppesteande titel. Dus foar minsken dy’t net langer wachtsje kinne om te witten hoe’t it ferhaal ôfrint, mar gelokkich ek foar alle oaren, komt no dat boek te keap. 

Op 14 desimber is der yn de Bieb (Nije Skalm) de presintaasje fan dat boek. It earste eksimplaar sil útrikt wurde oan ... dat is noch in geheim...en foar belangstellenden is it mooglik om it dêr te keapjen. De earste tsien keapers krije der ek noch fergees in blêdwizer by dy’t spesjaal foar dizze gelegenheid makke is troch Gerrie de Haan. Unike blêdwizers mei in prachtige yllustraasje. 

Fierders komt Etie mei in boekje mei njoggen nije krystferhalen. Ek dy boekjes binne dan te keap en dêr sit foar de earste keapers ek in unike blêdwizer by. Keapje jo beide boekjes dan is der ek noch in moaie koarting. In goeie reden dus om sneon 14 desimber om 10.00 oere nei de Nije Skalm te kommen. Mar jo kinne de boekjes ek bestelle troch te mailen nei etie.pasma@hotmail.com of skilje mei 0613783818. 

Yn it foar al in soad lêswille tawinske.