Algemeen

Nijste roman fan Hein Jaap Hilarides, St. Jabik

Op 14 jannewaris is by  útjouwerij Bornmeer 'Beppe Xenia', de nijste roman fan Hein Jaap Hilarides útbrocht.

Xenia is grutbrocht yn de Drava-delte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út it Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.

Hein Jaap Hilarides publisearre earder: 'De trekker fan Troje', diel 3 fan in romansyklus oer de Biltske Wassenaars. Dit boek, Beppe Xenia, is diel 2 fan dy syklus. Diel 1 sil noch skreaun wurde.

Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant. ISBN 978 90 5615 731 9 | paperback | 240 siden |

Beppe Xenia is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl