Algemeen

Nijjierssit it Nut Ferwert/Hegebeintum mei Gerard Alderliefste en Geartsje Zwerver

Snein 5 jannewaris 2020 om 11.00 oere yn ‘it Anker’.

In prachtich konsert mei Frânske ferskes en Fryske sjansons fan ûnder oare Fugain, Brel, Shaffy, Zwerver en Alderliefste. Gerard Alderliefste en Geartsje Zwerver ha elkoar fûn yn de leafde foar taal en muzyk. Hy wurke tegearre mei topartysten as Liesbeth List en Ramses Shaffy.  Mei Geartsje Zwerver is Gerard Alderliefste op ‘e nij in bysûndere kombinaasje. Sy sjongt yn it Frysk en hy yn it Frânsk. Dizze twa sjongers en gitaristen bringe tegearre in bysûnder en ûnferwachts programma. Eigen wurk en eigensinnige ynterpretaasjes fan sjansons, fan ûnder oare Jacques Brel, Michel Fugain en Alice Donna, sille elkoar ôfwikselje. In hertferwaarmjend Frânsk-Frysk konsert wêrby in ferbân lein wurdt tusken dizze twa talen.

En fierders it jieroersjoch troch in pear fan ús leden. Wa sil it dizze kear wêze?