Algemeen
Nije wurkwize eveneminteoanfragen Wet natuerbeskerming
Op 1 jannewaris is der in nije wurkwize foar eveneminteoanfragen yn it ramt fan de Wet natuerbeskerming. Dizze wurkwize hâldt yn dat yn in ier stadium oerlis plakfynt mei organisatoaren fan grutte eveneminten. Sa kin de provinsje op tiid meitinke en as dat nedich is in fergunning foar de Wet natuerbeskerming ôfjaan. Foar oare eveneminten feroaret der neat.
Ek al jildt de Wet natuurbescherming foar eltsenien, yn 'e measte gefallen sil der neat oan 'e hân wêze. Dat kin wol it gefal wêze by eveneminten dy't yn of by in Natura 2000-gebiet organisearre wurde, dy't mear as twatûzen besikers deis lûke, dy't gebrûk meitsje fan fersterke lûd en keunstljocht, dy't meardere dagen trochgeane en dy trochgean yn de jûn (nei 18.00 oere ). De provinsje hat de oanfraach dan seis moannen foar de datum fan it evenemint nedich. Dizze termyn jildt allinnich foar eveneminten dy 't oan al dizze punten foldogge. It giet dus mar om in hiel lyts part fan de eveneminten yn Fryslân.
It kin wol wêze dat der bygelyks foar dy oare evenminten in ûntheffing nedich is, mar de termyn fan seis moannen jildt dan net. Is der by in evenemint bygelyks sprake fan twa fan boppeneamde punten, dan is it ferstannich om kontakt mei de provinsje te sykjen foar advys.
Deputearre Douwe Hoogland: “Ferline jier hawwe wy ek beliedsregels publiseard. Dêr is ferwarring oer ûntstien en dat wie fansels net de bedoeling. Fryslân brûst fan de eveneminten en dat wolle wy graach sa hâlde. Dêrom hawwe wy dy regels doe wer ynlutsen en binne wy in yntensyf trajekt mei gemeenten, natuerbehearders en organisatoaren oangien. Dat hat let ta dizze nije beliedsregels en in ynformaasjebrosjuere. Wêrby’t wy ús beseffe dat it altyd maatwurk bliuwt."
Brosjuere
De nije wurkwize is te finen op de webside fan de provinsje Fryslân, lykas in ynformaasjebrosjuere foar organisatoaren. Dêryn stiet útlis oer de Wet natuurbescherming en hoe't in organisator rekken hâlde kin mei de natuer by it organisearjen fan in evenemint. De brosjuere befettet gjin nije regels of ferplichtingen. Ek is der in sprekoere dêr't organisatoaren en gemeenten om advys freegje kinne as der twivel is oft in evenemint mooglik effekt hat op kwetsbere natuer en hoe't dit foar te kommen.
Foar eveneminten fan 1 july ôf
De nije wurkwize giet offisjeel yn op 1 jannewaris 2023, mar jildt pas fan 1 july ôf dat jier. Dat jout organisatoaren fan grutte eveneminten de tiid om harren oanfraach op tiid yn te tsjinjen. “As der eveneminten binne dy’t yn de perioade foar 1 july plakfine of krekt dêrnei yn de simmer, en dy’t wol in oanfraach yntsjinje moatte, is dy seis moanne net altyd helber. Dêrom geane wy mei de oanfragen yn dy perioade linich om. De ynstek is altyd om yn goed oerlis te besykjen alle eveneminten trochgean te litten", jout deputearre Hoogland oan. Ein 2023 evaluearret de provinsje mei belutsen gemeenten hoe't de beliedsregels en brosjuere wurkje.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari
-
Wo 15 januari