Algemeen

Nije subsydzjeregeling foar ynnovative ûndernimmers

Fryske ûndernimmers krije op ‘en nij stipe foar ynnovaasje yn harren bedriuw. Se kinne dat ynsette foar nije fertsjinmodellen om dêrmei de gefolgen fan de koroanapandemy op te fangen. De regeling is in ûnderdiel fan it provinsjale twadde werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ fan 10 miljoen euro, dat yn april troch Provinsjale Steaten fêststeld is.

It útbrekken fan koroana hat in tige grutte ympakt op ús sûnens en ús brede wolfeart. Om dy gefolgen te kearen, hat it Ryk ferskate beskermjende maatregels ynsteld. Mei-inoar wurde der no stappen nei de takomst set. Ynnovative oplossings drage by oan it opbouwen fan de mienskip. Fan 28 juny 2021 ôf kinne ûndernimmers op ‘en nij gebrûk meitsje fan finansjele stipe en dan benammen foar it fierder ûntwikkeljen fan ynnovative ideeën ta ynnovative produkten of tsjinsten.

Deputearre Sander de Rouwe fan de provinsje Fryslân: “Us mienskip is troch koroana feroare. Ek al hawwe wy sicht op ferbettering, ek nei koroana sjocht ús libben der oars út. Undernimmers spylje dêr kreatyf op yn en dêr wolle wy mei dizze finansjele bydrage by helpe.”

In moai foarbyld is Elzinga & Van der Krieke yn Drachten, sy binne spesjalisearre yn ûnder oaren ‘spuitgieten. Mei in eardere subsydzje koe dit bedriuw in masine ûntwerpe dy’t brûkt wurde kin om opslachbakken te meitsjen fan eigen bedriuws ôffal. Direkteur Wietse Elzinga: "Subsydzje kin it ferskil meitsje tusken ûndersyk en produksje yn Nederlân of net."

Eftergrûn

It maksimale subsydzjebedrach bedraacht € 10.000 de oanfraach. Subsydzje kin fan 28 juny 2021 ôf oanfrege wurde op de webside fan de provinsje Fryslân: www.fryslan.frl. Tink derom: yn it pakket sitte meardere regelingen. Yn ‘e hjerst fan 2021 giet ek de Ynnovaasjematriks iepen, hâld foar mear ynformaasje ús webside yn ‘e gaten.

 

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt met de provinsje Fryslân opnimme. De kontaktynformaasje stiet ûnderoan dit berjocht.