Algemeen

Nije stimulearringsregeling foar Fryske kulturele sektor

Kultuermakkers en ynstellingen kinne ynkoarten subsydzje oanfreegje út de nije provinsjale Stimuleringsregeling Cultuur: Ontwikkeling en Innovatie. Der is foar de perioade 2021-2024 goed 2,7 miljoen euro beskikber: 0,6 miljoen foar ûntjouwing en goed 2,1 miljoen foar de útfiering fan kulturele produksjes. De regeling komt fuort út de nota Nij Poadium, dy’t yn jannewaris 2020 troch Provinsjale Steaten fêststeld is. 

Op www.fryslan.frl/stimuleringsregelingcultuur stiet wiidweidige ynformaasje oer de oanfraachmooglikheden.

“Fernijing soarget derfoar dat ús Fryske kultuer libjend bliuwt”, seit kultuerdeputearre Sietske Poepjes. “Mei dizze regeling wolle wy de Fryske kulturele sektor stimulearje en profesjonalisearje. Dat dogge wy troch op ferskate mominten yn it kreative proses by te dragen. Troch te ynvestearjen yn de kop en de sturt, ferwachtsje wy dat  de kwaliteit fan ús kulturele oanbod en profesjonalisearring fan ús kulturele ynstellingen omheech giet.”

Untjouwing
De line Untjouwing rjochtet him op de begjinfaze fan it kreative proses. Makkers en ynstellingen kinne in oanfraach yntsjinje foar it folgjen fan kursussen, it dwaan fan ûndersyk en it útfieren fan in pilotprojekt. Foar ûndersyk en pilotproduksjes is alle jierren 125.000 euro beskikber, foar kursussen 25.000 euro. Oanfreegje is mooglik fan 1 april oant en mei 1 novimber 2021. De regeling slút sadree’t it subsydzjeplafond berikt is.

Útfiering
De line Utfiering rjochtet him op de útfierende faze fan it kreative proses. Ynstellingen kinne in oanfraach dwaan foar in kulturele produksje of twajierrige programmastipe. Foar kulturele produksjes is yn 2021 335.000 euro beskikber. Oanfreegje kin fan 8 febrewaris oant en mei 26 maart en fan 1 augustus oant en mei 10 septimber 2021. Foar twajierrige programmastipe is mei-inoar 400.000 euro yn ‘e twa jier beskikber. Oanfreegje kin fan 8 febrewaris oant en mei 26 maart 2021.

In ûnôfhinklike advyskommisje beoardielet de oanfragen op de artistike kwaliteit en advisearret de provinsje wa’t yn oanmerking komt foar subsydzje op it mêd fan Utfiering. Yn de advyskommisje Ontwikkeling en Innovatie sitte Mirjam Terpstra (foarsitter), Sebastiaan Dijk, Judith Spijksma, Rien Vrijenhoek, Richard Zijlma en Hidde de Vries.