Algemeen

Nije regeling foar toerismesektor yn koroanatiid

Ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne stipe krije út in oardelmeter-regeling. De provinsje jout oant 1500 euro subsydzje foar oanpassingen dy’t bedriuwen dwaan moatte foar de oardelmeter-ekonomy. Der is 1 miljoen euro beskikber. Provinsjale Steaten moatte der op 24 juny noch wol in beslút oer nimme.

It is de bedoeling om de regeling sa gau mooglik klear te hawwen. Sadree’t ûndernimmers oanfragen yntsjinje kinne, sil de provinsje dat bekend meitsje. De oardelmeter-regeling is de wichtichste maatregel út it Corona Actieplan Gastvrij Fryslân, dat hjoed presintearre is.

“De provincie wil zoveel mogelijk bedrijven in deze voor Fryslân zo belangrijke sector helpen om te voldoen aan nieuwe eisen”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. In kombinaasje fan mear toeristyske aktiviteiten bûten it heechseizoen en ekstra marketing foarmje in twadde spearpunt út it Actieplan. De aksjes binne in oanfolling op regelingen dy’t de ryksoerheid foar it bedriuwslibben opset hat.

Mei in spesjaal foar de koroanakrisis oprjochte Taskforce Recreatie en Toerisme hat de provinsje it Actieplan opsteld. Provinsjale Steaten hawwe dêr twa moanne lyn om frege. De Taskforce bestiet út fertsjintwurdigers fan de Toerisme Alliantie Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland, Hiswa/Recron, Merk Fryslân, Ynbusiness, Innovatieplatform Fryslân en Hotel Friesland.

Alles mei-inoar komt der fia it Actieplan sa’n oardel miljoen euro beskikber. Mar de sektor kin dêrneist ek in berop dwaan op in oar inisjatyf fan de provinsje Fryslân: it werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’. Provinsjale Steaten moatte op 24 juny noch ynstimme mei in part fan de finansiering.

Deputearre Steaten hawwe it werstelpakket en it Actieplan op inoar ôfstimd. It Actieplan slút ek oan op de útfiering fan it nije rekreaasje- en toerismebelied oant 2028, dat yn april troch Provinsjale Steaten fêststeld is.