Algemeen

Nije lytse klok yn de Bitgumer toer

Eindlik nei 77 jier wer in twadde klok yn de Bitgumer toer. It wie ús jierren lyn al belooft troch de stichting monuminten Menameradiel/Waadhoeke, te moai om wier te wêzen, mar it like hast in loaze belofte te wurden.

Nei oantrún fan de stichting, tsjerken Bitgum,Ingelum, mei de wurden belofte makket skuld is der doe praat wurden en it resultaat, justjes oars as it earste foarstel, fan twa nije klokken, is der no dochs in klok by kommen.

In klok dy’t kwa klank en model presys by de grutte klok past.

Nei 77 jier kin der wer let wurde op de tradisjonele wize, sa as it iuwen lang west hat, oan’t de besetter yn 1943 de klokken, dy’t altyd de mienskip fan Bitgum en Bitgummole warskôge hiene foar stoarm,wetterfloed, brân, ûnheil, lok en leed, de bodders fan it gea nei en fan it lân rôp en sneins de tsjerkegongers, no omsmolten wurde moasten ta wapentúch om te deadzjen.

Nei dizze kealslach yn’e klokkestoel , is der yn 1950 wer in nije grutte klok yn de toer kommen en dy hat it altyd allinnich dwaan moatten, dat koe der skoan, mar in toer mei in dûbele klokkestoel dy freget om in lytse klok nen de âlde tradysje waard ek op ús doarp mist, mar wy doarsten der net iens oan tinke dat dit nochris barre soe.

No kin ek te Bitgum wer neffens tradysje let wurde mei berte en begraffenissen, it lieden mei de grutte en de lytse klok yn folchoarder fan man as frou

Ofrûne wiken is in staaltsje fan fakmanskip fan de boufakkers, restaurateurs, klokmakkers en elektrisiens werklikheid wurden mei it resultaat fan in pracht fan kombinaasje klokken yn de klokkestoel fan de Sintmartinus tsjerke fan Bitgum.

Alle lof foar de stifting Monumenten Menameradiel/Waadhoeke en de stifting tsjerken Bitgum en Ingelum dy’t it finansiël mooglik makke hawwe.

It wachtsjen is no op it yn gebrûk nimmen.