Algemeen
Meitsje kâns op in keunstrydbaan by Omrop Fryslân
It winteret mar net en de lêste kear dat we echt lekker ride koene en yn de buert wiene fan in Alvestêdetocht wie 2012. Dêrom is it, wát de temperatueren ek binne, fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2020 iiswike by Omrop Fryslân.
It is al wer in skoft lyn dat wy yn Fryslân in perioade belibbe hawwe mei sterk iis. De temperatueren binne simpelwei te heech en moai iis wurdt dan lestich. Mar it langstme by de Friezen bliuwt grut: de iisbanen iepen, de fearten ticht, de redens ûnder, der op út! Dêrom is it, wat de temperatueren ek binne, fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris iiswike by Omrop Fryslân. Stim dus ôf op de Omrop, ek omdatst kâns meitsje kinst om foar in dei in keunstiisbaan te winnen!
Jou dysels, dyn húshâlding, dyn skoalle, sportklup, buertferiening op fia Omropfryslan.nl/iisbaan.
Wannear: Sneon 1 febrewaris, middeis tusken 13.00 en 17.00 oere
Wat: In keunstrydbaan fan 10 by 15 meter mei redens en in echte iismaster
Foar: Bern mar ek foar folwoeksenen
Fan moandei 27 jannewaris oant en mei freed 31 jannewaris kieze wy alle dagen ien nominaasje. Dy wurdt bekendmakke yn Weistra op Wei. Wa't de iisbaan wint, wurdt freed 31 jannewaris bekendmakke, yn datselde programma. Omrop Fryslân Radio stjoert yn Fryslân út op 92.2 FM en 92.5 FM
Mear ynformaasje is te lezen op: Omropfryslan.nl/nijs/933050-iiswike-omrop-fryslan-iisbaan-winne-dat-kin-dochs-net
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december