Algemeen
Lokaasjeproduksje 'Nacht' fan Tryater, begjint online en einigt by de foardoar
Tryater komt mei in oanpaste útfiering fan lokaasjeproduksje Nacht. Parkeargaraazje De Klanderij is net langer de lokaasje, no’t we witte dat der begjin april noch altyd gjin foarstellingen mei in beheind publyk spile wurde kinne. Nacht wurdt in produksje dy’t online begjint, mar in live ferfolch krijt by de foardoar. De foarstelling spilet fan 9 april oant en mei 1 maaie, rûnom yn Fryslân.
Foto @ Florian Cats
Nacht
De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer Fryslân. In ferpleger, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste en in bestjoersfoarsitter fan in glêstúnboubedriuw, allegearre binne se jûns ûnderweis.
Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch bûten?
De reis fan elk personaazje begjint online en einiget by in foardoar. Ek dyn foardoar. Yn unike monologen nimme sy dy yn fertrouwen oer wat har wekker hâldt. Bist tsjûge fan har tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten. Se treaste dy de nacht yn. Sadat alles lichter wurdt.
It lêste jier binne we in soad thús en sliepe we minder. Soms fielt it oft we yn in einleaze nacht belâne binne. Yn Nacht wurdst efkes út de deistige realiteit optild troch û.o. Joke Tjalsma, Nynke Heeg, Bart Harder, Aukje Schaafsma, Eva Meijering. Watfoar akteur stiet aansens by dy op de stoepe?
Online én live: coronaproof
Foar de nije ferzje is der socht nei in manier dy’t past binnen de maatregels fan dit stuit en dy’t oanslút by it konsept fan Nacht dat Tryater yn it foarste plak betocht hie. De personaazjes bliuwe yn de nije ferzje oerein. De foarstelling begjint online wêrby’t it publyk ûnder oaren yn ‘e kunde komt mei de personaazjes fan Nacht. Elk personaazje reizget op in stuit nei in adres yn ‘e provinsje om live, by de foardoar, mei de foarstelling troch te gean. Hokker personaazje by dy oan ‘e doar komt is in ferrassing!Mei ien personaazje oan de doar en publyk dat bestiet út minsken fan ien húshâlding hâldt Tryater ‘m oan regels dy’t it RIVM opsteld hat en is it foar spilers én publyk feilich.
Kredits
Nacht wurdt makke troch:
Tekst: Wessel de Vries. Concept: Tatiana Pratley, Sjoeke Marije Wallendal, Aukje Schaafsma, Karel Hermans. Regie Tatiana Pratley, Sjoeke Marije Wallendal. Spel: Joke Tjalsma, Nynke Heeg, Eva Meijering, Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Bart Harder, Dimithri Postma, Luna van Drunen, Denzel Goudmijn, Matteus Douwes. Dramaturgie: Nina Thunnissen. Muziek: Laurens v.d. Meulen. Kostuums: Hanne Pierrot. Scenografie: Janne Sterke. Film Wurk fan Murk/Gerko Jonker
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december