Algemeen

Literêre jûn yn ‘e Westhoek mei skriuwers en muzyk

Oankommende woansdei 13 oktober binne Fryske skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper tidens in literêre jûn yn Waddenherberg The Friezinn yn petear oer fytse en hurdfytse. It optreden fan Geart en Elmar wurdt ôfwiksele mei muzyk fan muzikant Jan de Vries.

Fyts by nacht Fotograaf Ilya-Mondryk

Boeken fan Fryslân

De Fryske útjouwers, Boeken fan Fryslân, organisearje yn oktober sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s dy’t elts in eigen programma gearstald ha. It giet dan om foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk ôfwiksele mei muzyk.

Fytsroman ‘Om’

Geart Tigchelaar fertelt oer syn psychologyske fytsroman ‘Om’, oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline. Elmar Kuiper fertelt oer syn aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw.

Dêrneist sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaars ‘Om’. Jan de Vries sjongt nûmers fan J.J. Cale yn it Bilts, fan de CD ‘Keel’ dy’t hy dit jier útbrocht.

Praktysk

De tagong op dizze jûn is fergees en begint mei in ynrin om 19:30. It programma is om 21:00 oere dien.

Adres Waddenherberg The Friezinn
Oudebildtdijk 1226
9075 NR Westhoek

Sjoch ek boekenfanfryslan.frl.