Algemeen

Lansearring Frysk muzykûnderwiis mei 123Zing

It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) lit in part fan 123Zing yn it Frysk oersette. Dêrmei wurdt digitaal Frysk metoadysk sjongoanbod foar pjutten en groep 1 & 2 realisearre.
Skoallen en lokaasjes foar pjutte-opfang kinne dêrmei muzykûnderwiis yn it Frysk oanbiede.

123Zing is in populêre sjong/muzykmetoade foar it basisûnderwiis dêr’t al in protte skoallen gebrûk fan meitsje.

Op 20 juny wurdt it earste Fryske 123Zing-tema “Bernebuorkerij” presintearre. Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke sil de offisjele lansearring foar syn rekken nimme.

It Fryske gesicht fan 123Zing, Janneke Brakels sil in tal ferskes út it tema mei groep 1 & 2 fan OBS de Cingel yn Menaam sjonge en de digitale 123Zing-wrâld sjen litte. Ien fan dizze ferskes sil bûten in abonnemint foar eltsenien beskikber wêze.

Tiid: 10.15 – 11.15

OBS de Cingel, Orxmasingel 16A, Menaam