Algemeen

Krystsjongtsjinst yn Britsum

Snein 22 desimber jûns om 19.00 oere sil der yn gearwurking mei Stichting Alde Fryske Tsjerken in krystsjongtsjinst organisearre wurde yn de Johannestsjerke fan Britsum.

Oan dizze tsjinst sille meiwurkje de koaren Twalûd út Aldeboarn en de Welle út Britsum ûnderlieding fan dirigente Klaske Deinum út Wytgaard en toetsenist Arjen Nauta út Ljouwert.

Op dizze fjirde advintsnein op wei nei kryst sjonge we bekende krystlieten ûnder lieding fan oargelist Ernst Panstra.

Jo wurde fan herte útnoege om  dizze tsjinst bij te wenjen yn in waarme tsjerke wér de kofje/té bij binnenkommen klearstiet.

Nei ôfrin is der in kollekte foar de ûnkosten fan dizze tsjinst.