Algemeen
Kribels - column van Aeltsje
Sa no en dan fiel ik se wer: kribels. Kribels om wat te meitsjen, te kreearjen. En sa as wol faker: wat, hoe? Wat meitsje mei de hannen? Wat meitsje mei de holle (dus skriuwe)? No ja, eins moat it mei beide: it moat yn de holle ûntstean en myn hannen moatte dat dan, op hokker wize dan ek, foarm jaan.
As dat no breidzje, naaie of hake is, dingen opskriuwe of mei de hannen yn de modder yn de tún. Foar de minsken dy’t no tinke: sorry Aeltsje, mar dat stikje grûn foar dyn hûs kinne wy echt gjin tún neame, jimme hawwe gelyk. Mar ik ha ek noch in stekje yn Grou, en dêr doch ik der krekt wat mear oan...En wat dy tún yn Stiens betreft, ik ha in fantastyske buorman, dy’t it gers ek even foar my meant, as er syn eigen docht. En wa wit, hokker prachtige ideeën as der noch komme – dy binne fansels altyd wolkom!Mar even werom nei dy kribels. Al sa lang net in kollum skreaun, acht wike lyn wie de lêste. De sudoku, dy’t net oplost wurde koe. Jimme witte, dat er ek net oplost is, der wie gjin oplossing mear foar de sykte fan Nico.En fansels mis ik him noch ferskriklik, elke dei. Mar ik bin net de iennige. Fansels de bern, bernsbern en de famylje, mar ek safolle oaren, dy’t noch altyd ferbjustere binne, dat dit barre koe. Dat dy fleurige Nico net mear op de tennisbaan of by it biljerten is. Sneons net mear syn ronde docht mei de bakkersauto. Dat er der gewoan net mear is. It is ek net te befetsjen.
En dochs giet it libben troch, it giet gewoan troch. Alles is grien wurden, en úteinlik is it ek noch simmer wurden. De nije kezinen, dy’t wy ferline jier al besteld hiene, sitte der hast yn.Ik ha al wer aardich wat fergaderingen achter de rêch en preekje doch ik ek al sûnt in wike as trije. Ik ha dat ek wol nedich, eins is it in ûnderdiel fan dy “kribels”. In preek meitsje is úteinlik wat skeppe. Ergens mei dwaande wêze en dêr foarm oan jaan. En dat jout my in protte enerzjy en krêft. Mar it skriuwen gong my ynearsten wat minder ôf. Foar in simpel stikje moast ik soms al in hiel skoft sitte. Ik tink, dat er dan ek te folle yn de holle sit, krij it dan mar ris op in fertsoenlike wize op papier. Mar der wie/is gjin druk, dus ik ha my der net drok om makke.Ja, en wêr giet sa’n “earste” kollum dan wer oer? Dochs ek wol wer oer wat op dit stuit hiel belangryk is. It libben sûnder Nico. Hoe libje ik dat libben, hoe ful ik it yn?
Ik wol hjir net hiele ferhalen hâlde oer ferwurkjen, oer rou. Elk docht dat op syn of har eigen wize en neffens my kin dat nea fout wêze. Ik bin der iepen yn en dêrom wol ik der ek yn dizze kollum net foar wei rinne. Mar it hoecht net de haadsaak te wurden fan de kollums dy’t hopelik hjirnei noch folgje. Al sil it wol sa no en dan foar it ljocht komme. Dat is dan mar sa. Ik hie ek betocht, dat de earste kollum “nei” der net oer gean moast. It moast gean oer dy kribel, dy’t ik fiel om dochs wer wat op papier te setten, om dochs wer wat mei myn lêzers te dielen.En wêr skriuw ik oer? Krekt, oer Nico, oer it ferlies, oer de leegte dy’t er achter litten hat.
Mar ik betink no, dat dat net frjemd is, dat dat hiel gewoan is. It hie hiel frjemd west, as ik der net oer skreaun hie. Ik wol graach saken, dy’t my oan it hert geane, diele mei myn lêzers. As dit dan in kollum wurden wie, sûnder ien wurd oer Nico, dan wiene de lêzers wierskynlik ferbaasd west.Nee, jimme meie witte hoe as it giet, hoe as ik my fiel. Ik funksjonearje prima, doch myn dingen, mar it is hiel faak, as doch ik mei yn in tonielstik. Ik sjoch nei de wrâld, mar it is myn wrâld (noch) net. Ik freegje my elke dei wer ôf, wannear as alles wer normaal wurdt.Dat dat net barre sil, wit ik ek. En dat der wierskynlik tiid oer hinne gean moat, wit ik ek. De earste kribels binne der wer. En dat jout moed foar de takomst!
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december