Algemeen

Kolumn HvdP: Fiskerslatyn (stjerrende wier)

Doe’t minsken my fertelden dat in fisk it ienichste bist is dat nei syn dea noch groeie kin, woe my dat net oan. Oant it mysels oerkaam en der in rymke oer makke ha.   

De Brazem,

It barde op in simmerjûn oan de Tsjoele,

op in camping op ’e hoeke oan ’e feart.

Dêr siet ik noflik efter it reid te fiskjen 

en krige samar in grutte brazem oan ’e heak.

 

Oant doe ta wienen it lytse foarntsjes, 

dêrom kaam dit my ek hielendal oer ‘t met.

Buorman, in fisker, dy’t foar syn tinte siet, 

hat my lokkich holpen mei syn net.

 

Ik skatte him op sa’n fjirtich sintimeter,

mar neffens buorman koenen der wol fiif by.

It makke my as fisker hielendal neat út, 

want allinne sa’n fisk wie al in topper foar my.

 

It fiskjen wie dien, de angel gie út de wei, 

want op it hichtepunt moat men stopje.

Wol moasten wy dit feit efkes fiere,

en soenen der mei syn allen ien op dopje.

 

Der waard wat soarten fan drinken sammele, 

kola, JJ, bearenburch, bier en wat iterij. 

Wylst waard de brazem hieltyd grutter, 

hy wie healwei de jûn al de heale meter foarby.

 

Tukkers, Brabanders, Limburgers en Friezen, 

it gie op in sûpen en sterke ferhalen fertelle.

De behearder kaam sels lâns mei droege woarst,

ûnderwilens hie de brazem de fiifenfyftich helle.

 

Let op ’e jûn doe de dauwe oer it fjild kaam,

wie men sêd, sis mar, men koe neat mear ha.

Mar foar dat men harren de jûns deljaan soe,  

kaam de brazem noch krekt oan de sechstich ta.

In jier letter slagge it my foar de twadde kear om in unike fiskprestaasje te leverjen. Dizze kear gie it om in fisk dy’t foar dizze kontrijen frijwol unyk wie en oant doe ta mar selden boppe wetter helle wie. It gie hjir om in folwoeksen eksimplaar fan de wytfingrindel. In wytfingrindel is neffens de kampingfisksaakkundige Jan van Hout in prehistoaryske fisk dy’t mar sporadysk yn ’e Nederlânske wetteren foarkomt.  

De wytfingrindel is men pas yn 2007 foar it earst yn Nederlân tsjinkaam. Men nimt oan dat hy  fia it Main-Donaukanaal yn Nederlân telâne kaam is. 

Jo kinne fan gelok prate dat men noch sa’n folwoeksen eksimplaar fan fjirtjin sintimeter yn libben oantreft. Ek al om’t in soad fan syn tiidgenoaten al fan ’e ierdboaiem ferdwûn binne. Tink mar oan de mammoet en de dinosaurus. 

In wytfingrindel is ek allinne mar mei in spesjale fisktechnyk boppe wetter te heljen. En om’t ik dy fisktechnyk sa goed ûnder de knibbel ha, is it my sels slagge om twa fan dy unike fisken op ’e wâl te krijen. It bysûndere is wol dat dizze fisken fongen binne yn in wetter rûnom de kamping wylst men der fan út gie dat men se allinne mar yn ’e grutte rivieren tsjin komme kin. It soe samar kinne dat dizze fisken oerlibbe ha, fan prehistoarje oan ’t no, yn de ek prehistoaryske rivieren yn dizze omjouwing, de Alde Ie en It Ald Djip. Dizze rivieren dy’t der noch altyd binne, wienen der wierskynlik al foar dat se de Eufraat en de Tigris ûntdekt hienen. 

Yn ’e media wie oant doe ta noch  gjin melding makke dat dizze wytfingrindel hjir sinjalearre is. No is it mar te hoopjen dat de beide fisken dy’t ik fong, en fuortdaliks wer  swimme litten ha, in Adam en Eva binne. Dan soe it samar kinne dat der yn ’e takomst in moaie soad jonge wytfingrindeltsjes yn ’e Tsoele rûn swimme.

De fangst fan dizze wytfingrindel wie foar my in grutte ferrassing, en ik fûn it dêrom ek moai, dat krekt en gelyk as mei myn foarige bysûndere prestaas-je mei de brasem, de kampinggasten dy freugde mei my diele woenen. Om twa oere ha wy it ljocht yn ’e karavan útdien

hfdp@kpnmail.nl