Algemeen
Kolumn Aeltsje de Groot: Lego
Hoe âlder, hoe gekker, sille wy mar sizze. Mar de earste faaskes mei (lego) blommen steane by my yn de keuken. En ik moat sizze, it wurket ferslaavjend.
Ik ha my ris yn de skiednis fan de lego ferdjippe. No sil ik der hjir net in grut ferhaal fan meitsje. Mar it is fansels wol nijs-gjirrich om te sjen hoe as sa’n ienfâldige stien, dêr’t men mei bouwe kin, útgroeie kinnen hat ta in hobby dy’t fan jong oant âld fanatyk beoefene wurdt.
De earste lego waard makke yn 1932. Wy kinne der dus no al wol fan út gean, dat oer 7 jier in grut iuwfeest fierd wurdt, mei fêst ek unike útjeften. Dus soe ik mar fêst oan it sparjen gean, want in pear tûzend euro is neat foar hiele spesjale oplages.
Der waard hieltyd mear en mear útfûn by de lego. Ik ha hjir boppe op souder ek noch wol wat kratten mei lego. Fia de duplo kaam der ek lego, en ús bern ha dêr ek wol skoften mei oan de gong west.
Wy hiene doe noch in tafel yn de keamer stean, en in yttafel yn de keuken, en it kaam geregeld foar dat de tafel yn de keamer fol mei lego stie. Dat koe fansels net elke kear wer opromme... Dochs wie it doe, ik praat oer de jierren rûnom 2000, in “bernespultsje”. Al wiene der heiten, dy’t ek wol graach ris even meibouwe woene...
Ik lies, dat lego yn 2003 op stjerren nei dea wie. Der wie in enorme skuld, en it like as wie it dien mei it iens sa suksesfolle bedriuw. Ik betink my, dat wy yn 2002 nei Legolân west binne. Us Sytse wie doe noch in echte legofan. Hy wie doe hast 12 jier, en wy fûnen, dat it doe ek wêze moast, oars hoegde it net mear. Dat wie doe de teneur. Lego kaam yn de bakken en op souder as de bern nei it foarset ûnderwiis giene. Teminste, sa gong it by ús wol. Dat it mei de lego net sa goed gie, is dan ek hielendal oan my foarby gongen.
Nei 2003 hat men by lego de koers sa draaie kinnen, dat it no it meast winstjowende bedriuw fan de wrâld is. En dat fyn ik tige knap. Dat betsjut, dat men der ek op in hiele oare wize nei sjen moat, om it yn goed frysk te sizzen “bûten de legodoaze” tinke moat. It giet te fier om op te neamen, wat der allegearre dien en feroare is. Mar ien fan de dingen, dy’t men hiel goed dien hat, is it belûken fan fans. Dizze meie eigen ûntwerpen yntsjinje. En fansels wie de earste grutte haal it binnen heljen fan de folwoeksene, dy’t wer oan it prutsen gie mei dy lytse lego stientsjes. Yn myn húshâlding is ien fan de skoansoannen in fanatyk legobouwer. Hiele bouwurken ferrize der, mei komplete ynterieurs. Krystdoarpen mei alles der op en oan. Gjin moaier kado as in doaze mei lego, hoe maklik kin it wêze. En hy is fansels lang net de iennige!
Dat ik sels ek noch yn ‘e besnijing komme soe, dat hie’k nea betinke kinnen.
It is mei myn beppesizzer begongen. Tegearre plat oer de flier mei de duplo oan it bouwen. Hiele feesten ha wy dan, mei in grutte tafel en dêr alle popkes om hinne. In “restaurant” mei in keuken, dêr’t dan ek popkes oan it wurk binne. In bistetún, in spoarline der nei ta…
Wy ha ús der al hiel wat oppasdagen mei fermakke.
En fan de rein yn de drip dus, want no sit beppe op snein-te-middei mei in doaske lego te prutsen om wer in moai blomketakje yn elkoar te krijen. En ik ha ris even sjoen, wat der op dat gebied allegearre te krijen is. Net te leauwen, safolle moais, om hebberich fan te wurden.
Sjoch, ik snap no, dat myn skoansoan ek hieltyd wer wat nijs ha wol. Syn ynteresse leit krekt wat oars as dy fan my, al steane der by harren ek legoblommen op de kast. Safolle útdagings dy’t der foarby komme; as men sjocht wat der allegearre te keap is...
Hoe âlder hoe gekker?
Gelokkich ha ik ûntdutsen, dat der folle mear “gekken” binne. Wat is it fijn, dat lego yn 2003 it byltsje der net by del smiten hat. Dat se yn de gaten krigen, dat folwoeksen bern miskien noch wol mear plesier fan dy boustientsjes ha, dan lytse bern!
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 1 april
-
Wo 2 april
-
Do 3 april
-
Vr 4 april
-
Za 5 april
-
Zo 6 april
-
Ma 7 april